Ynferno (roman): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
ynfoboks
Rigel 1:
{{Literatuer
[[File:Dan Brown bookjacket cropped.jpg |right|thumb|150px|Dan Brown.]]
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''Ynferno''
| oarspr. titel = ''Inferno''
| auteur = [[Dan Brown]]
| taal = [[Ingelsk]]
| foarm = [[roman]]
| sjenre = [[skriller]]
| skreaun =
| 1e publikaasje = [[2013]], [[New York (stêd)|New York]]
| 1e opfiering =
| oarspr. útjouwer = [[Doubleday (útjouwerij)|Doubleday]]
| rige = ''Robert Langdon''-searje
| foarich diel = ''The Lost Symbol''
| folgjend diel = noch net skreaun
| bondel =
| prizen =
| ISBN = 978-0 38 55 37 858
| Fryske titel = ''Ynferno''
| publikaasje = [[2013]], [[Amsterdam]]
| útjouwer = [[Utjouwerij Luitingh-Sijthoff]]
| oersetter = [[Abe de Vries]]
| prizen oers. =
| ISBN oers. = 978-9 02 45 64 088
}}
'''''Ynferno''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''Inferno''''', is in [[roman]] fan 'e hân fan 'e tige súksesfolle [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[skriuwer]] [[Dan Brown]] ([[1964]]). It is in [[skriller]] yn 'e foarm fan in [[detektiveferhaal|detektiveferhaal]] mei yn 'e haadrol Robert Langdon, in [[heechlearaar]] [[keunstskiednis]] en symbolyk, dy't ek al de haadpersoan wie yn Brown syn eardere boeken ''Angels & Demons'' ([[2000]]), ''The Da Vinci Code'' ([[2003]]) en ''The Lost Symbol'' ([[2009]]). Diskear wurdt Langdon wekker yn in sikehûs yn it [[Itaalje|Italjaanske]] [[Florâns]], sûnder dat er in idee hat hoe't er dêr bedarre is. As er op 'e sneup giet om antwurden te krijen, komt er yn in dûzeljend aventoer telâne. Krekt as Brown syn foargeande boeken wie ek ''Inferno'' wer in daverjend súkses, en kaam it binnen de koartste kearen boppe-oan op 'e ynternasjonale [[bestseller]]listen te stean. It waard op [[14 maaie]] [[2013]] tagelyk yn it [[Ingelsk]] en it [[Nederlânsk]] (en oare talen) publisearre. [[Utjouwerij Luitingh-Sijthoff]] naam it inisjatyf om in [[Frysk]]e oersetting op 'e merk te bringen, makke troch [[Abe de Vries]], dy't ein [[2013]] ferskynde.
 
Line 9 ⟶ 35:
 
Nettsjinsteande it feit dat de brêgen ôfset binne troch militêren, witte se op slûchslimme wize dochs it Palazzo Vecchio te berikken, dêr't se opmurken wurde troch Marta Alvarez, de direktrise fan it museum, dy't Langdon fertelt dat se juster noch mei-inoar praat hawwe doe't er it Palazzo Vecchio besocht yn it selskip fan Ignazio Busoni, de [[kurator]] fan 'e [[Florentynske Dom]]. Alvarez seit ek dat Busoni en hy it [[deamasker]] fan [[Dante]] sjen woene, mar as hja him en Sienna meinimt dêrhinne, blykt dat te missen. Op bylden fan befeiligingskamera's is dúdlik te sjen hoe't Langdon sels en Busoni de foargeande nachts weromkamen en it deamasker stielen. As er dan kontakt besiket op te nimmen mei Busoni, kriget er te hearren dat dy de foargeande nachts oan in [[hertoanfal]] stoarn is, mar foar syn dea noch in boadskip foar Langdon opnommen hat. Yn dat boadskip fertelt Busoni op esotearyske wize wêr't it masker ferburgen is, ferwizend nei "Paradys 25".
[[File:Dan Brown bookjacket cropped.jpg |right|thumb|150px180px|Skriuwer Dan Brown.]]
[[File:Florenca146.jpg|right|thumb|150px|De "Poarten fan it Paradys", yn it [[Baptistearium (Florâns)|Florentynske Baptistearium]].]]
 
Langdon en Sienna witte oan 'e museumbewekkers te ûntkommen, en teffens de arrivearjende militêren te ûntglûpen. Vayentha dûkt ek wer op, mar komt om as Sienna har fan in grutte hichte ôf omleech triuwt. Mei syn beiden bejouwe se har dan nei it [[Baptistearium (Florâns)|Florentynske Baptistearium]], dêr't "Paradys 25" nei ferwiist, en dêr't hy en Sienna yndie it masker fan Dante fine mei dêrby in riedsel opsteld troch de miljardêr en [[genetika|genetikus]] Bertrand Zobrist. In man dy't fan Jonathan Ferris hjit en úthâldt foar de [[Wrâldsûnensorganisaasje]] (WHO) fan 'e [[Feriene Naasjes]] te wurkjen, helpt harren om op 'e nij oan 'e soldaten te ûntkommen. Trijeresom folgje se Zobrist syn riedsel nei [[Feneesje]] ta, dêr't Ferris, dy't siik blykt te wêzen, der ynienen hinne falt, en Langdon frijwol op it stuit dat er it riedsel oplost, finzen nommen wurdt troch in espel militêren, wylst Sienna wit te ûntkommen.