Beowulf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Rigel 1:
{{Literatuer
[[Ofbyld:Beowulf.firstpage.jpeg|thumb|right|De earste side fan ''Beowulf'', oerlevere yn 'e ''[[Nowell Kodeks]]''.]]
| ôfbylding = Beowulf.firstpage.jpeg
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte = 200px
| titel = ''Beowulf''
| oarspr. titel = ''Beowulf''
| auteur = anonimus
| taal = [[Aldingelsk]]
| foarm = [[poëzij]]
| sjenre = [[epos]]
| skreaun = ±[[850]]
| 1e publikaasje =
| 1e opfiering =
| oarspr. útjouwer =
| rige =
| foarich diel =
| folgjend diel =
| bondel =
| prizen =
| ISBN =
| Fryske titel = ''Beowulf''
| publikaasje = [[1984]], [[Boalsert (stêd)|Boalsert]]
| útjouwer = [[Koperative Utjouwerij]]
| oersetter = [[Jelle Krol]] en <br>[[Popke van der Zee]]
| prizen oers. =
| ISBN oers. = 9 06 57 01 397
}}
'''''Beowulf''''' is in [[Aldingelsk]] [[epos|epysk]] [[heldedicht]] út 'e [[Midsieuwen]], besteande út 3182 [[alliteratyf fers|alliterative]] regels yn [[stêfrym]], dat skreaun is troch in anonime [[dichter]]. It is ien fan 'e wichtichste wurken fan 'e [[Angelsaksyske literatuer]] en foarmet in tsiende part fan alle oerlevere poëzij yn it Aldingelsk. It spilet yn [[Skandinaavje]] en fertelt it ferhaal fan 'e held [[Beowulf (held)|Beowulf]], dy't yn [[Denemark]] it meunster [[Grendel]] ferslacht. ''Beowulf'' hat in kristlik laklaachje, mar is yn 'e grûn dochs noch altiten in [[Germanen|Germaansk]] [[heidendom|heidensk]] helde-epos fan foar de komst fan it [[kristendom]]. It waard yn [[1984]] yn [[proaza]] oerset nei it [[Frysk]] troch [[Jelle Krol]] en [[Popke van der Zee]].
 
Line 8 ⟶ 34:
Hoe't ''Beowulf'' him ûntjûn hat foar't it optekene waard, is fansels net mear te efterheljen, mar it sil grif de ieuwen fan mûnlinge oerlevering net ûnskansearre, of alteast ûnferoare, trochstien hawwe. Nei't it delskreaun wie, is it mar oerlevere yn ien inkeld hânskrift, en boppedat it it iennichste epos fan syn soarte, dat ferlikingsmateriaal is der net. Dat iene hânskrift, dat de ''British Library'' tsjintwurdich op 'e noed hat, stiet bekend as ''MS Cotton Vitellius A XV''. Dy namme is ûntstien trochdat it manuskript (''MS'') in hoart yn it besit wie fan 'e biblofyl en sammelder sir [[Robert Bruce Cotton]] († [[1631]]), yn waans bibleteek it it fyftjinde (''XV'') boek wie op 'e boppeste planke (''A'') fan 'e kaste dêrt in boarstbyld fan 'e [[Romeinske Ryk|Romeinske]] keizer [[Fitellius]] op stie. Wylst it eigendom fan Cotton wie, moat it ynbûn wêze mei noch in oar Midsieusk hânskrift dat folle letter datearre wurdt.
 
[[File:Beowulf geography names.png|thumb|rightleft|250px|De likernôge kriten dy't bewenne waarden troch de yn ''Beowulf'' neamde folken yn 'e snuorje dat it ferhaal spile.]]
Foar't it yn Cotton syn bibleteek bedarre, hie it nei alle gedachten yn it besit west fan 'e sechstjinde-ieuske wittenskipper [[Laurence Nowell]], dy't syn hantekening op 'e earste side fan it manuskript set hat, mei dêrby it jiertal [[1563]] (sadwaande wurdt it offisjeus ek wol de ''[[Nowell Kodeks]]'' neamd. Der wurdt wol tocht dat Nowell deroan kommen is troch syn tsjinst as priveelearaar yn 'e húshâlding fan [[William Cecil, 1ste baron Burghley]], de kânselier fan 'e [[Ingelân|Ingelske]] keninginne [[Elizabeth I fan Ingelân|Elizabeth I]]. Men giet derfan út dat Cecil it hânskrift út ien fan 'e grutte kleasterlibrijen hie, dy't yn [[1536]] op oarder fan 'e [[Ingelân|Ingelske]] kening [[Hindrik VIII fan Ingelân|Hindrik VIII]] mei it hiele [[kleasterwêzen]] opheft waarden. Dêrby binne nammentlik in protte manuskripten weirekke (les: fertsjustermoanne).
 
Line 17 ⟶ 43:
 
Op dit punt makket it gedicht in spronkje yn 'e tiid. Yn in pear regels wurdt ferteld hoe't nei Beowulf syn weromkear yn it lân fan 'e Geaten syn omke Hygelac en dy syn soan en erfgenamt omkomme yn oarloggen, sadat Beowulf úteinlik kening wurdt. Fyftich jier lang hearsket er yn frede, mar dy wurdt fersteurd troch in boaze [[draak]] as er al heech op jierren is. Noch ien kear tinkt Beowulf in heldedie te dwaan, dat hy giet net mei in leger, mar mei inkeld in pear fertroulingen by him op 'e draak ta. De draak is him lykwols oermânsk en ferwûnet him swier; úteinlik is it syn folgeling Wiglaf dy't de draak ferslacht, al tsjinnet Beowulf sels it meunster de deastek ta. Dêrnei stjert de kening en wurdt begroeven ûnder in grêfhichte oan see.
[[File:Skalunda gravhög.jpg|thumb|leftright|250px|De grêfheuvel fan [[Skalunda]], dy't troch de [[argeolooch]] [[Birger Nerman]] identifisearre waard as Beowulf syn grêfhichte.]]
 
===Friezen yn ''Beowulf''===
Line 64 ⟶ 90:
{{boarnen|boarnefernijing=
* ''Beowulf: In proaza-oersetting út it Aldingelsk'' (oers. J. Krol en P. van der Zee), Boalsert, 1984 (Koperative Utjowerij), ISBN 9 06 57 01 397.
----
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Beowulf ''References'', op dizze side].
}}