Ferskil tusken ferzjes fan "De Hûn fan 'e Baskervilles"

ynfoboks
(omstavere 2015)
(ynfoboks)
{{Literatuer
[[File:ArthurConanDoyle HoundOfTheBaskervilles.jpg|thumb|right|250px|Omslach fan 'e earste útjefte.]]
| ôfbylding = Cover (Hound of Baskervilles, 1902).jpg
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte = 200px
| titel = ''De Hûn fan 'e Baskervilles''
| oarspr. titel = ''The Hound of the Baskervilles''
| auteur = sir [[Arthur Conan Doyle]]
| taal = [[Ingelsk]]
| foarm = [[roman]]
| sjenre = [[detektiveferhaal]]
| skreaun =
| 1e publikaasje = [[1902]], [[Londen]]
| 1e opfiering =
| oarspr. útjouwer = [[George Newnes]]
| rige = ''[[Sherlock Holmes]]''
| foarich diel = ''The Memoirs of Sherlock Holmes''
| folgjend diel = ''The Return of Sherlock Holmes''
| bondel =
| prizen =
| ISBN =
| Fryske titel = ''De Hûn fan 'e Baskervilles''
| publikaasje = [[1960]], [[Boalsert (stêd)|Boalsert]]
| útjouwer = [[KFFB]]
| oersetter = [[Inne de Jong]]
| prizen oers. =
| ISBN oers. =
}}
'''''De Hûn fan 'e Baskervilles''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''The Hound of the Baskervilles''''', is in [[detektiveferhaal]] fan 'e [[Grut-Brittanje|Britske]] [[dokter|medikus]] en [[skriuwer]] [[Arthur Conan Doyle|sir Arthur Conan Doyle]] ([[1859]]-[[1930]]), dy't benammentlik bekend wurden is as de geastlike heit fan 'e ikoanyske [[detektive (berop)|detektive]] [[Sherlock Holmes]] en dy syn assistint, dokter [[John Watson]]. ''De Hûn fan 'e Baskervilles'' is de trêde fan Doyle syn fjouwer [[roman]]s oer de aventoeren fan Holmes en Watson. It ferhaal spilet him fierhinne ôf op 'e [[heide]] en yn 'e [[sompe]]n fan [[Dartmoor]], yn it greefskip [[Devon]], yn súdwestlik [[Ingelân]], en giet oer it ûndersyk nei in fertocht stjergefal en in besykjen ta [[moard]], dat ynspirearre is troch de pleatslike [[leginde]] fan in skriklike [[demon|demoanyske]] [[hûn]]. ''The Hound of the Baskervilles'' waard foar it earst publisearre as in [[fúljeton]] yn it tydskrift ''The Strand Magazine'', yn [[1901]] en [[1902]]. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Inne de Jong]] datearret fan [[1960]].
 
Doyle skreau ''The Hound of the Baskervilles'' koart nei't er weromkeard wie út [[Súd-Afrika]], dêr't er yn [[1900]] ûnder de [[Twadde Boere-oarloch]] as frijwillige dokter yn in Britsk militêr fjildhospitaal wurke hie. It idee foar it boek krige er oanrikt troch [[Bertram Fletcher Robinson]] ([[1870]]-[[1907]]), in tritichjierrige [[sjoernalist]] fan 'e ''[[Daily Express]]'', dy't him de leginde fan Richard Cabell trochdie.
 
[[File:Fox Tor.jpg|thumb|left|300px|Fox Tor, op [[Dartmoor]]. Dit ôfwikseljend sompige en rotsige [[heide]]gebiet brûkte [[Arthur Conan Doyle|sir Arthur Conan Doyle]] as dekôr foar syn [[roman]] ''The Hound of the Baskervilles''.]]
Cabell, waans tombe noch altyd yn it Devoanske doarpke [[Buckfastleigh]] stiet, wie in plattelânsjonker dy't yn 'e [[santjinde ieu]] libbe. Hy hie de reputaasje dat er de duvel fan 'e kroade ôfglide wie. Sa waard derfan grute dat er syn frou deadien hawwe soe. Sterker noch, yn dy krite sei (en leaude) men dat er letterlik syn siel oan 'e duvel ferkocht hie. Cabell wie poersljocht nei de jacht en doarme sadwaande in protte op Dartmoor om. Nei syn dea, yn [[1677]], waard der neffens de ferhalen geregelwei in mysterieuze ridel spûkhûnen yn 'e buert fan syn grêf waarnommen. Der waard sein dat Cabell syn geast nachts mei dy hûnen op jacht gie op Dartmoor, benammen op syn stjerdei. Om oan sokke duvelske praktiken in ein te meitsjen, bouden de doarpelingen doe in grut gebou oer syn grêf hinne en leine se in grutte stiennene plaat op it eigentlike grêf.
[[File:Fox Tor.jpg|thumb|left|300px|Fox Tor, op [[Dartmoor]]. Dit ôfwikseljend sompige en rotsige [[heide]]gebiet brûkte [[Arthur Conan Doyle|sir Arthur Conan Doyle]] as dekôr foar syn [[roman]] ''The Hound of the Baskervilles''.]]
 
==Ynhâld==
{{boarnen|boarnefernijing=
* {{Aut|Doyle, sir Arthur Conan}}, ''De Hûn fan 'e Baskervilles'', Boalsert, 1960 (KFFB), sûnder ISBN.
----
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/The_Hound_of_the_Baskervilles ''References'', op dizze side].
}}
 
{{DEFAULTSORT:Hun fan 'e Baskervilles, De}}
[[Kategory:Roman]]
[[Kategory:Detektiveferhaal]]
[[Kategory:Ingelske literatuer]]