O. Henry Award: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
red
Rigel 18:
De '''''O. Henry Award''''' is in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[literatuer]]priis dy't elts jier útrikt wurdt oan 'e [[skriuwer]] fan in treflik [[Ingelsk]]talich [[koart ferhaal]] dat publisearre is yn 'e [[Feriene Steaten]] of [[Kanada]]. Dizze priis waard oarspronklik ynsteld troch de ''[[Society of Arts and Sciences]]'', en foar it earst útrikt yn [[1918]], wêrmei't it ien fan 'e âldste literatuerprizen fan [[Noard-Amearika]] is. De ''O. Henry Award'' is ferneamd nei de Amerikaanske [[skriuwer]] [[O. Henry]] ([[pseudonym]] fan William Sydney Porter), en hat as doel om it koarte ferhaal as literêr sjenre te ûnderstypjen.
 
Winnende en nominearre ferhalen wurde troch de organisaasje fan 'e ''O. Henry Award'' yn bondele foarm útjûn as ûnderdiel fan 'e saneamde ''O. Henry Prize Stories''-rige, dy't yn [[2009]] omneamd waard ta de ''PEN/O. Henry Prize Stories''-kolleksje, nei't de organisaasje fan 'e priis in partnerskip oangien wie mei it ''[[PEN American Center]]''. De ''O. Henry Award'' wurdt útrikt yn in earste, in twadde en in trêde priis. Sûnt [[2003]] kieze de trije sjueryleden elk in leaflingsferhaal út, en wurdt der gjin ûnderling ûnderskie yn rang mear makke. Under de skriuwers dy't de earste priis alris wûnen, binne [[William Faulkner]] ([[1939]] en [[1949]]), [[Truman Capote]] ([[1948]]), [[Woody Allen]] ([[1978]]), [[Saul Bellow]] ([[1980]]), [[Stephen King]] ([[1996]]) en [[Laura van den Berg]] ([[2014]]). Foar in folsleine list mei winners, sjoch op [[:en:O. Henry Award#Juror favorites, first-prize winners|dizze side]], op 'e Ingelske Wikipedy.
 
==Keppelings om utens==