Donkerbroek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L redke en [[]]
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
Rigel 13:
 
== Skiednis ==
Om Donkerbroek hinne binne in soad [[Prehistoarje|prehistoaryske]] fynsten dien, benammen út de [[brûnstiid]]. De âldst bekende fermelding is yn in oarkunde fan [[13 july]] [[1408]]. Hjiryn stiet in foarstel fan ‘dedingslude’ (bemiddelers) op in nij skeel tusken de biskop fan Utert en ûnder oare Stellingwerf. It gie (wer) oer de hier fan healannen by Iselham. Donkerbroek is ien fan de âldste delsettingen yn súdeast Fryslân, boud op in pear hege sânrêgen. Yn [[1328]] is it ien fan de 12 [[Lânskip Drinte |Drintske]] [[kerspel]]s. Under de 31 yn de oarkunde neamde Stellingwerfse kerspels wurdt ek ''Dungebroek'' neamd. Twa dagen letter (15-7-1408) besegelen ûnder oaren de stellingen fan Stellingwerf it akkoard yn in oarkunde Dongbroec wurdt in skatting fan 80 âlde skylden oplein.<br>
Der binne ek histoarisy dy ’t op grûn fan twa oarkundes fan [[26 maaie]] [[1328]] miene dat Donkerbroek âlder is. Dizze stikken geane oer in fernijde regeling fan in troch de biskop fan Utert op Drinte en de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] te foarderjen jildsom. Op de oarspronklike foardering wurdt in bedrach fan goed 8 marken yn mindering brocht omdat 12 kerspels har ôfskiede hienen fan Drinte en har by de “Frisonibus de Stellingewarf” ('Friezen fan Stellingwerf') oansluten hienen. Mooglik leinen dy yn wat no Eaststellingwerf is, mar in namme wurdt net neamd.