Alice yn Wûnderlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
ynfoboks
Rigel 1:
{{Literatuer
[[Ofbyld:Alice par John Tenniel 25.png|thumb|right|250px|In yllústraasje út 'e earste útjefte fan [[1865]], troch [[John Tenniel|sir John Tenniel]], fan Alice oan 'e tee mei de Maartske Hazze, de Gekke Huoddemakker en de [[sânslieper]].]]
| ôfbylding = AlicesAdventuresInWonderlandTitlePage.jpg
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte = 180px
| titel = ''Alice yn Wûnderlân''
| oarspr. titel = ''Alice's Adventures in Wonderland''
| auteur = [[Lewis Carroll]]
| taal = [[Ingelsk]]
| foarm = [[berneboek]]
| sjenre = [[fantasy (sjenre)|fantasy]]
| skreaun =
| 1e publikaasje = [[1865]], [[Londen]]
| 1e opfiering =
| oarspr. útjouwer = [[Macmillan Publishers]]
| rige =
| foarich diel =
| folgjend diel =
| bondel =
| prizen =
| ISBN =
| Fryske titel = ''Alice yn Wûnderlân''
| publikaasje = [[1964]], [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]
| útjouwer = [[Afûk]]
| oersetter = [[Tiny Mulder]]
| prizen oers. =
| ISBN oers. = 978-9 06 27 34 771 (<small>werprintinge)</small>
}}
'''''Alice yn Wûnderlân''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''Alice's Adventures in Wonderland''''' (hoewol't it bekender wurden is ûnder de ferkoarte titel '''''Alice in Wonderland'''''), is in [[berneboek]] dat it masterwurk is fan 'e [[Ingelân|Ingelske]] [[skriuwer]], [[dichter]], [[wiskunde|wiskundige]] en [[fotografy|fotograaf]] [[Charles Lutwidge Dodgson]] ([[1832]]-[[1898]]), better bekend ûnder syn [[pseudonym]] [[Lewis Carroll]]. It is in tiidleas, absurdistysk en bytiden hilarysk ferhaal dat ta it [[fantasy (sjenre)|fantasy]]-sjenre rekkene wurde moat, oer in famke dat yn in kninehoale krûpt en dan yn in folslein oare wrâld bedarret dêr't se yn 'e kunde komt mei in hiele rige healwize personaasjes. ''Alice's Adventures in Wonderland'' waard foar it earst útjûn yn [[1865]]. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Tiny Mulder]] datearret fan [[1964]].
 
Line 12 ⟶ 38:
== Ynhâld ==
Alice ferfeelt har, wylst se mei har suske yn 'e tún oan 'e rivierkant sit. Op in stuit sjocht se in pratende, oanklaaide wite [[wylde knyn|knyn]] foarbykommen. Se folget him nei in kninehoale en krûpt deryn. Se begjint omleech te rûgeljen en falt dan in hiel ein nei ûnderen. Dan befynt se har ynienen yn in nuveraardige seal mei withoefolle doarren fan alderhanne maten dy't allegearre op 't slot sitte. Mei in lyts kaaike dat se fynt, ûntslút se in doarke dat fiersten te lyts foar har is, en sjocht dat it tagong jout ta in kreaze tún. Dan ûntdekt se op in tafel in fleske dêr't fan "DRINK MY" op stiet. As hja dat docht, krimpt se sa bot, dat se te lyts is om 'e kaai te pakken dy't se op 'e tafel lizze litten hie. In stik koeke dêr't fan "YT MY" op stiet, makket dat se sa slim groeit dat se mei har holle tsjin 'e soudering oan slacht.
[[Ofbyld:Alice par John Tenniel 25.png|thumb|rightleft|250px|In yllústraasje út 'e earste útjefte fan [[1865]], troch [[John Tenniel|sir John Tenniel]], fan Alice oan 'e tee mei de Maartske Hazze, de Gekke Huoddemakker en de [[sânslieper]].]]
{{Plotbedjer}}
Alice har holle docht sa'n sear dat se gûle moat, en har triennen binne sa grut dat se de seal splis sette. Nei't se troch it oppakken fan in [[waaier]] wer krompen is, swimt se yn har eigen triennen om en moetet dêrby in grut tal ûnderskate bisten dy't allegear fuortspield binne troch it opkommend sâlt wetter. As se úteinlik de wetterkant berikke, is de fraach hoe't se wer opdroegje kinne. In [[mûs]] jout in hiel droege lêzing oer [[Willem de Feroverder]], mar dat helpt net bot. In [[dodo]] stelt út om in hurddraafwedstryd te hâlden wêrby't se allegearre yn in rûntsje drave sadat der nimmen winne kin. Alice jaget úteinlik ûnbedoeld de bisten fuort troch te fertellen oer har (net mear as trochsneed gefaarlike) [[kat]].
Line 32 ⟶ 59:
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* {{Aut|Carroll, Lewis}}, ''Alice yn Wûnderlân'' (oers. Tiny Mulder), Ljouwert, 1964 (Afûk), sûnder ISBN (''lettere werprintinge'': ISBN 978-9 06 27 34 771).
----
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Alice's_Adventures_in_Wonderland ''References'' en ''Bibliography'', op dizze side].
}}
 
[[Kategory:Roman]]
[[Kategory:Fantasyliteratuer]]
[[Kategory:Jeugdliteratuer]]