Elektra (toanielstik fan Sofoklês): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
Rigel 33:
As Agamemnon, de kening fan [[Mysene]] en de lieder fan 'e [[Griken]], weromkeard fan syn oerwinning yn 'e [[Trojaanske Oarloch]], bringt er de [[Troje|Trojaanske]] prinsesse [[Kassandra]] mei, dy't er as [[konkubine]] nommen hat. Mar hy hat njoggen jier fan hûs west, en syn frou Klytemnêstra hat it ûnderwilens oanlein mei syn neef Aigisthos. Boppedat sint se noch altiten op wraak op Agamemnon, om't dy foar syn ôfreis harren dochter Ifigeneia oan 'e goaden [[minske-offer|offere hat]] om syn oerwinning yn 'e striid tsjin Troaje te bewissigjen. Dat, Agamemnon is mar kwealk wer thús, of hy wurdt fermoarde troch Klytemnêstra. Dy beseft dêrnei dat se har soan Orestês eins ek út 'e wei romje moat, sadat dy syn heit skielk net wreekje kin. Mar de jonge wurdt it paleis útsmokkele troch syn twillingsuster Elektra, dy't him nei kening Strofios fan [[Fokis]] tastjoerd, om oan dy syn hof grutbrocht te wurden.
 
===It toanielstik'''''===
''Elektra'' iepenet jierren letter, as Orestês mei syn freon Pûladês, de soan fan Strofios, en in pedagooch of priveelearaar yn Mysene arrivearret. Harren plan is om 'e learaar it boadskip yn it paleis oerbringe te litten dat Orestês omkommen is by in ûngemak mei in [[striidwein]], en dat twa manlju (yn it echt Orestês en Pûladês) mei koarten de urne mei syn jiske bringe sille.