Roc Books: ferskil tusken ferzjes

10 bytes grutter ,  7 jier lyn
L
[[]] oars
(ynfoboks + boarnen)
L ([[]] oars)
'''Roc Books''' is in bekende [[ymprint]] fan 'e ynternasjonale ''[[Penguin Group]]''-[[útjouwerij]] as ûnderdiel fan harren [[Feriene Steaten fan Amearika|Amerikaanske]] poat, dêr't [[roman|romans]] en [[novelle|novellen]] yn 'e sjenres [[science fiction]] en [[fantasy (literêr sjenre)|fantasy]] ûnder útjûn wurde.
 
Dizze ymprint waard oprjochte yn april [[1990]], nei't ''Penguin''-foarsitter [[Peter Mayer]] opdracht jûn hie oan [[John Silbersack]], de [[redakteur|haadredakteur]] fan it science fiction-programma fan 'e saneamde ''New American Library'' fan ''Penguin'', om in nije ymprint te begjinnen dy't mear oandacht lûke soe foar de oanwêzigens fan 'e útjouwerij op 'e science fiction- en fantasymerk. De namme, dy't referearret oan 'e [[rok (mytyske fûgel)|rok]], de reuseftige mytyske rôffûgel fan it [[Arabysk Skiereilân]], waard keazen fanwegen it feit dat ''Penguin'' al ferskate ymprints mei fûgelnammen hie, lykas ''Penguin'' ("[[pinguins|pinguin]]"), ''Puffin'' ("[[seepappegaai]]"), ''Peregrine'' ("[[sljochtfalk]]") ensfh.
 
Nei't ''G.P. Putnam's Sons'' mei ''Penguin'' fúzjearre wie, is ''Roc Books'' lykstrekich opset mei de troch dy fúzje oernommen ymprint ''[[Ace Books]]''. It tiim [[redakteur|redakteurs]] en [[útjouwer|útjouwers]] dat de publikaasjes ûnder de ''Ace''-ymprint fersoarget is itselde as dy't dat docht foar ''Roc'', hoewol't de beide ymprints fierders folslein selsstannich bleaun binne.<ref>[http://www.sfcanada.ca/winter2005/johnmorganinterview.htm Amberstone, Celu, ''An Interview with Editor John Morgan'', 2005.]</ref>