Hâns Omkoal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Nee, alfabetisearje op a, net op â
ynfoboks
Rigel 1:
{{Literatuer
[[Ofbyld:HCAndersen.jpeg|thumb|right|150px|Hans Christian Andersen.]]
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''Hâns Omkoal''
| oarspr. titel = ''Klods-Hans''
| auteur = [[Hans Christian Andersen]]
| taal = [[Deensk]]
| foarm = [[koart ferhaal]]
| sjenre = [[mearke]]
| skreaun =
| 1e publikaasje = [[1855]], [[Kopenhagen]]
| 1e opfiering =
| oarspr. útjouwer = [[C.A. Reitzels Forlag]]
| rige =
| foarich diel =
| folgjend diel =
| bondel = ''H.C. Andersen's Historier''
| prizen =
| ISBN =
| Fryske titel = ''Hâns Omkoal''
| publikaasje = [[1943]], [[Assen]]
| útjouwer = Van Gorcum & Co.
| oersetter = [[Douwe Tamminga]]
| prizen oers. =
| ISBN oers. =
}}
'''''Hâns Omkoal''''', yn it oarspronklike [[Deensk]]: '''''Klods-Hans''''', is in [[mearke]] fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-ieuske [[Denemark|Deenske]] [[skriuwer]] en [[dichter]] [[Hans Christian Andersen]] ([[1805]]-[[1875]]). It waard foar it earst publisearre yn april [[1855]], as ûnderdiel fan ''H.C. Andersen's Historier'' ("H.C. Andersens Stoarjes"), wat in samling fan eardere ferspraat útjûne en inkele nije mearkes wie, mei dêrûnder ek ''[[Fiif út Ien Eartepûl]]''. ''Hâns Omkoal'' is ien fan Andersen syn minder bekende mearkes, mar waard yn [[1943]] dochs troch [[Douwe Tamminga]] oerset yn it [[Frysk]] as ûnderdiel fan 'e bondel ''[[Andersen's Folksforhalen en Mearkes]]''.
 
==Ynhâld==
Yn it mearke wurdt it ferhaal ferteld fan trije bruorren. De âldste beide binne sa aldertigenste leard dat it wol mei de helte takinnen hie. De jongste, Hâns, dy't troch in elk fan "Hâns Omkoal" neamd wurdt, is lykwols dom berne en hat nea wat byleard. Dan lit de dochter fan 'e kening it omsizze dat se dyjinge ta man nimme sil, dy't it nei har sin it bêste pratende hâlde kin. Dat de beide learde bruorren krije fan harren heit elk in hynder en sette nei stêd ta om om 'e prinsesse te stykjen. Hâns Omkoal sjocht se fuortgean en freget wat der te rêden is. As er heart fan 'e prinsesse en dat dy om in man siket, freget hy syn heit ek om in hynder, dat hy èk nei stêd ta kin en stykje om 'e prinsesse. Mar syn heit stegeret him ôf. Dêrop reizget Hâns Omkoal op 'e geitebok nei stêd ta. As hja ienris by de prinsesse talitten wurde, en sjogge dat der in hiel espel siktarissen by stiet dy't elts wurd opskriuwe dat har ta de mûle út komt, wurde de beide learde bruorren, krekt as alle oare gadingmakkers, sa senuweftich dat se gjin wurd mear útbringe kinne. Inkeld Hâns Omkoal, dy't him nearne wat oan gelegen lizze lit, hâldt en draacht him by de prinsesse lykas oars. Dat ta eintsje beslút trout Hâns Omkoal mei de prinsesse en wurdt kening fan it lân, wylst syn beide learde bruorren harren beskamme ôfjouwe.
 
As hja ienris by de prinsesse talitten wurde, en sjogge dat der in hiel espel siktarissen by stiet dy't elts wurd opskriuwe dat har ta de mûle út komt, wurde de beide learde bruorren, krekt as alle oare gadingmakkers, sa senuweftich dat se gjin wurd mear útbringe kinne. Inkeld Hâns Omkoal, dy't him nearne wat oan gelegen lizze lit, hâldt en draacht him by de prinsesse lykas oars. Dat ta eintsje beslút trout Hâns Omkoal mei de prinsesse en wurdt kening fan it lân, wylst syn beide learde bruorren harren beskamme ôfjouwe.
 
==Keppelings om utens==
*{{en}}[https://en.wikisource.org/wiki/Clumsy_Hans ''Hâns Omkoal'' op ''Wikisource'']
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* {{Aut|Andersen, Hans Christian}}, ''Andersen's Folksforhalen en Mearkes'', Assen, 1943 (Van Gorcum & Comp. N.V. Utjouwers), sûnder ISBN-nûmer.
----
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Blockhead_Hans ''External links'', op dizze side].
}}
 
[[Kategory{{DEFAULTSORT:Hans Christian Andersen|Hans Omkoal]]}}
[[Kategory:Mearke|Hans OmkoalChristian Andersen]]
[[Kategory:DeenskeKoart literatuer|Hans Omkoalferhaal]]
[[Kategory:Fryske oersetting|Hans OmkoalMearke]]
[[Kategory:Deenske literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]