Willibrord: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+literatuer
Rigel 6:
Willibrord waard berne yn [[Northumbria]] ([[Ingelân]]) as soan fan tige [[kristendom|kristlike]] alders, dy't noch net sa lang leden ta it kristlike leauwen bekeard wienen. As sânjierige jongen fertrouwde syn heit, dy't Wilgis hiete, him ta oan it [[kleaster]] fan Ripon (flakby [[York]]) as [[oblaat]]. De heit fan Willibrord sels waard [[hearremyt]].
 
Yn Ripon woeks Willibrord op ûnder ynfloed fan [[Sint-Wilfridus]] (Egbert), de biskop fan [[York]]. Dizze biskop wie, oars as de doe yn [[Grut-Brittanje]] hearsende [[katholiekRoomsk Katolyke Tjerke|katholyke]]-[[Kelten|Keltyske]] tradysje, in foarstanner fan de Roomske line.
 
Doe Willibrord 20-jier âld wie, gong er fuoart nei it "eilân der Hilligen", ([[Ierlân]]). Der moast er him ûnderwerpe oan tige stringe tucht yn it kleaster fan Rathmelsigi. Hy waard yn [[688]] as [[priester]] wije. Fûl mei de geast fan "[[peregrinatio]]", en mei de winsk om't de heidenkse folken fan dy tiid te bekearen, stiek hy yn [[690]] mei alve gesellen oer nei it Jeropese festelân. Hy kaam oan lân by [[Katwijk]] en ferkundigde der it [[evangeelje]] oan de [[Friezen]], dy't net yn [[Jesus Kristus|Kristus]] leauwden mar yn it [[Frsyke Godendom]].