Jiskepûster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: th:ซินเดอเรลล่า is een goed artikel; tekstwiziging
ynfoboks
Rigel 1:
{{Literatuer
[[Ofbyld:Cendrillon2.JPG|thumb|right|350px|In yllústraasje fan [[Gustave Doré]].]]
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''Jiskepûster''
| oarspr. titel = ''Cendrillon''
| auteur = [[Charles Perrault]]
| taal = [[Frânsk]]
| foarm = [[koart ferhaal]]
| sjenre = [[mearke]]
| skreaun =
| 1e publikaasje = [[1697]], [[Parys]]
| 1e opfiering =
| oarspr. útjouwer =
| rige =
| foarich diel =
| folgjend diel =
| bondel = ''Contes de Ma Mère l'Oye''
| prizen =
| ISBN =
| Fryske titel = ''Jiskepûster''
| publikaasje = [[1983]], [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]
| útjouwer = [[Afûk]]
| oersetter = [[Jant Visser-Bakker]]
| prizen oers. =
| ISBN oers. = 9 06 27 32 321
}}
'''''Jiskepûster''''', yn it oarspronklike [[Frânsk]]: '''''Cendrillon''''' en [[Dútsk]]: '''''Aschenputtel''''' ([[Nederlânsk]]: ''Assepoester''; [[Ingelsk]]: ''Cinderella''; [[Italjaansk]]: ''Cenerentola''), is in oerâld [[mearke]] dat û.m. optekene is troch [[Charles Perrault]] yn syn ''Contes de Ma Mère l'Oye'' ("Ferhalen fan Us Mem de Goes") en de [[bruorren Grimm]] yn harren ''Kinder- und Hausmärchen'' ("Berne- en Hûsmearkes"). Der is in ferskaat oan foarmen fan bekend, mar dy binne langer allegear ferkrongen troch de animaasjeferzje fan 'e [[Walt Disney]] (basearre op 'e fariant fan Perrault), dy't wrâldferneamd wurden is. Yn [[1983]] is it mearke troch [[Jant Visser-Bakker]] oerset yn it [[Frysk]] as ûnderdiel fan 'e samling ''De Moaiste Mearkes 1'', neffens de útjefte ''Die Schönsten Märchen der Brüder Grimm'' (dat in oanpassing fan 'e oarspronklike tekst nei modern [[Dútsk]] ta is troch [[Margrit Weber]]). Yn [[2012]] is ''Jiskepûster'' op 'e nij oerset nei it Frysk troch [[Anne Tjerk Popkema]], as ûnderdiel fan 'e samling ''[[Mearkes fan Grimm]]''.
 
Line 6 ⟶ 32:
 
Op in dei wurdt bekendmakke dat de kening in trije dagen duorjend feest hâlde sil, dêr't alle moaie jongfammen yn it lân foar útnoege binne, sadat syn soan, de prins, ien fan harren útkieze kin om mei te trouwen. Sawol de styfsusters as Jiskepûster wolle graach nei it feest ta, mar hoewol't de styfmem fan doel is om mei de beide styfsusters derhinne, wol se Jiskepûster net mei hawwe, ek al besiket dy nòch sa om tastimming te krijen. Nei't har heit, styfmem en styfsusters ôfsetten binne, giet Jiskepûster nei har memme grêf en winsket dat se in skoandere baljûpe en bypassende skuontsjes hie. Daliks lit it fûgeltsje dat allegear út 'e beam falle. Jiskepûster giet dan temûk nei it feest ta en dûnset mei de prins, dy't alhiel besleifere fan har rekket. Om't se foar it earst yn tiden net ûnder it stof en de jiske sit, ken nimmen har wer. Mar as hja oan 'e ein fan 'e jûn wer nei hûs ta giet, folget de prins har. Fuort by hûs wit se oan him te ûntkommen. De oare jûns giet se yn in noch moaiere jûpe op 'e nij nei it feest ta en dûnset wer mei prins en wit him wer krekt op 'e tiid te ûntglûpen. De trêde jûns draacht se in jûpe dy't nòch moaier is en dûnset se wer mei de prins, mar diskear hat er wat snoads betocht: hy hat de treppen fan syn paleis mei pik ynsmarre litten, en as Jiskepûster oan 'e ein fan 'e jûn wer besiket fuort te glûpen, bliuwt ien fan har skuontsjes yn 'e pik klibjen.
[[Ofbyld:Cendrillon2.JPG|thumb|rightleft|350px|In yllústraasje fan [[Gustave Doré]].]]
 
Mei't de prins likernôch wit wêr't se wenje moat, giet er de oare deis mei it skoechje nei har heite hûs ta om syn breid op te heljen. Dejinge dy't it skoechje past, sa seit de prins, dy wol er hawwe. De beide styfsusters binne yn alle steaten. De iene besiket it skoechje oan te dwaan, mar kin har grutte tean der net yn krije. Dan jout har mem har in mês en hjit har de tean ôf te snijen. De prins riidt mei har fuort, mar as er by it grêf fan Jiskepûster har mem lâns komt, sitte dêr twa dokes yn 'e beam, dy't al roppende de prins warskôgje dat it skoechje fol mei bloed sit. De prins bringt dêrop de falske breid wer thús. Dan prebearret de twadde styfsuster it skoechje, mar kin de hakke der net yn krije. Har mem jout har in mês en hjit har de hakke ôf te snijen. De prins riidt mei har fuort, mar wer warskôgje de dokes him dat de skoech fol mei bloed sit. Op 'e nij bringt de prins de falske breid thús en freget dan oan Jiskepûster har heit oft der dan gjin oar fanke yn syn hûs wennet. Dan wurdt skytskoarjend Jiskepûster foar 't ljocht helle: har past it skoechje persiis. De prins riidt mei har fuort en trout mei har, en de beide boaze styfsusters wurde op 'e trouwerij de eagen útpikt troch de beide dokes.
Line 28 ⟶ 55:
== Adaptaasjes ==
Der binne fan ''Jiskepûster'' withoefolle adaptaasjes makke ta oare media, mei dêrûnder [[toanielstik]]ken, [[musikal]]s, [[opera|opera's]], [[ballet]]ten, [[film]]s, [[tillevyzje]], [[animaasje]] en [[muzyk]]. Fierwei de bekendste adaptaasje is lykwols de animaasjefilm ''[[Cinderella (Disney)|Cinderella]]'' fan [[Walt Disney]], út [[1950]], dy't fierhinne op 'e ferzje fan Perrault basearre is. Gjin tean- of hakke-ôfsnijerij by Disney, mar inkeld lakswiete ferskes yn in jimmergriene wrâld, dêr't it ferhaal fan 'e bruorren Grimm wat krú by ôfstekt. Disneys ''Cinderella'' wurdt hjoed de dei beskôge as ien fan 'e grutte animaasjeklassikers en is ien fan 'e meast besjoene tekenfilms aller tiden.
 
==Keppelings om utens==
*{{en}}[https://en.wikisource.org/wiki/Cinderella ''Jiskepûster'' op ''Wikisource'']
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* {{Aut|Grimm, Jacob en Wilhelm}}, ''De Moaiste Mearkes 1'' (oers. J. Visser-Bakker), Ljouwert, 1983 (Afûk), ISBN 9 06 27 32 321.
* {{Aut|Grimm, Jacob en Wilhelm}}, ''Mearkes fan Grimm'' (oers. A.T. Popkema), De Gordyk, 2012 (Utjouwerij Bornmeer), ISBN 978-9 05 61 52 888.
----
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Cinderella ''References'', op dizze side].
}}
 
[[Kategory:Charles Perrault]]
[[Kategory:Bruorren Grimm]]
[[Kategory:Koart ferhaal]]
[[Kategory:Mearke]]
[[Kategory:Frânske literatuer]]
Line 41 ⟶ 74:
[[Kategory:Dútske literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]
 
{{Link GA|th}}