Ferskil tusken ferzjes fan "Readkapke"

1.590 bytes grutter ,  5 jier lyn
ynfoboks
(ynfoboks)
{{Literatuer
[[File:Little Red Riding Hood - Project Gutenberg etext 19993.jpg|thumb|In yllústraasje út in samling mearkes út [[1927]].]]
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''Readkapke''
| oarspr. titel = ''Le Petit Chaperon Rouge''
| auteur = [[Charles Perrault]]
| taal = [[Frânsk]]
| foarm = [[koart ferhaal]]
| sjenre = [[mearke]], [[fabel]]
| skreaun =
| 1e publikaasje = [[1697]], [[Parys]]
| 1e opfiering =
| oarspr. útjouwer =
| rige =
| foarich diel =
| folgjend diel =
| bondel = ''Contes de Ma Mère l'Oye''
| prizen =
| ISBN =
| Fryske titel = ''Readkapke''
| publikaasje = [[1983]], [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]
| útjouwer = [[Afûk]]
| oersetter = [[Jant Visser-Bakker]]
| prizen oers. =
| ISBN oers. = 9 06 27 32 321
}}
'''''Readkapke''''', yn it oarspronklike [[Frânsk]]: '''''Le Petit Chaperon Rouge''''' en [[Dútsk]]: '''''Rotkäppchen''''' ([[Nederlânsk]]: ''Roodkapje''; [[Ingelsk]]: ''Little Red Riding Hood''), is in ieuwenâld [[mearke]] dat û.m. optekene is troch [[Charles Perrault]] yn syn ''Contes de Ma Mère l'Oye'' ("Ferhalen fan Us Mem de Goes") en de [[bruorren Grimm]] yn harren ''Kinder- und Hausmärchen'' ("Berne- en Hûsmearkes"). Der is in ferskaat oan foarmen fan bekend, mar dy binne langer allegear ferkrongen troch de ferzje fan 'e bruorren Grimm, dy't wrâldferneamd wurden is. Yn [[1983]] is it mearke troch [[Jant Visser-Bakker]] oerset yn it [[Frysk]] as ûnderdiel fan 'e samling ''De Moaiste Mearkes 1'', neffens de útjefte ''Die Schönsten Märchen der Brüder Grimm'' (dat in oanpassing fan 'e oarspronklike tekst nei modern [[Dútsk]] ta is troch [[Margrit Weber]]). Yn [[2012]] is ''Readkapke'' op 'e nij oerset nei it Frysk troch [[Anne Tjerk Popkema]], as ûnderdiel fan 'e samling ''[[Mearkes fan Grimm]]''.
 
==Ynhâld==
It mearke fertelt it ferhaal fan in famke dat in read kapke fan har beppe krigen hat en sadwaande "Readkapke" neamd wurdt. Op in dei wurdt hja troch har mem mei in stik koeke en in flesse wyn nei beppe ta stjoerd, dy't wat heal is. Har mem drukt har op it hert om net fan it paad ôf. Dat Readkapke set mei de koeke en de wyn troch de bosk, want har beppe wennet in hiel ein bûtenút, midden yn it wâld. Se wurdt oansprutsen troch in [[wolf]], dy't se oer har boadskip fertelt. De wolf makket har opmerksum op 'e skoandere blommen dy't yn 'e bosk groeie, en Readkapke ferjit dêrop wat har mem sein hat en giet fan it paad ôf om blommen foar beppe te plôkjen. Underwilens stoot de wolf gau nei beppe har hûs ta, fret yn ien hap beppe op, docht beppe har klean oan en har mûtse op en giet op beppe har bêd lizzen mei de gerdinen ticht. As Readkapke eefkes letter by beppe oankomt, sjocht se yn it skimertsjuster mar kwealk wat, mar se fynt al dat beppe der nuver útsjocht. Oant fjouwer kear ta merkt se dêr wat oer op, earst oer beppe har grutte earen, dan oer beppe har grutte eagen, dêrnei oer beppe har grutte hannen en einlings oer beppe har grutte mûle. De wolf wit har trijeris gerêst te stellen, mar de fjirde kear grypt er har en fret har yn ien hap op. Dêrnei jout er him foldien del. Mar de jager, dy't tafalligerwize by beppe har hûs lâns komt, heart syn lûde snoarkjen en giet deryn om te sjen wat der oan 'e hân is. Wylst de wolf sliept, knipt er it bist mei in skjirre de bealch iepen en dêr komme Readkapke en beppe wer foar 't ljocht, sûn en wol. Ear't se de wolf de bealch wer tichtnaaie, stopje se him fol mei grutte stiennen. As de wolf wekker wurdt, sjocht er de jager. Hy wurdt kjel en sil fuortdrave, mar de stiennen binne sa swier dat er troch de poaten sakket en dea delfalt.
[[File:Carl Larsson - Little Red Riding Hood 1881.jpg|left|thumb|300px|"Readkapke", in [[skilderij]] fan [[Carl Larsson]] út [[1881]].]]
 
As Readkapke eefkes letter by beppe oankomt, sjocht se yn it skimertsjuster mar kwealk wat, mar se fynt al dat beppe der nuver útsjocht. Oant fjouwer kear ta merkt se dêr wat oer op, earst oer beppe har grutte earen, dan oer beppe har grutte eagen, dêrnei oer beppe har grutte hannen en einlings oer beppe har grutte mûle. De wolf wit har trijeris gerêst te stellen, mar de fjirde kear grypt er har en fret har yn ien hap op. Dêrnei jout er him foldien del. Mar de jager, dy't tafalligerwize by beppe har hûs lâns komt, heart syn lûde snoarkjen en giet deryn om te sjen wat der oan 'e hân is. Wylst de wolf sliept, knipt er it bist mei in skjirre de bealch iepen en dêr komme Readkapke en beppe wer foar 't ljocht, sûn en wol. Ear't se de wolf de bealch wer tichtnaaie, stopje se him fol mei grutte stiennen. As de wolf wekker wurdt, sjocht er de jager. Hy wurdt kjel en sil fuortdrave, mar de stiennen binne sa swier dat er troch de poaten sakket en dea delfalt.
 
Yn 'e ferzje fan 'e bruorren Grimm folget oan 'e ein fan it eigentlike mearke noch in soarte fan tajefte of koda, wêryn't ferteld wurdt hoe't Readkapke in oare kears, doe't der wer in grutte boaze wolf wie dy't har besocht te ferlieden om fan it paad ôf, wól tocht om wat har mem sein hie, en braaf op it paad bleau. De moraal is dúdlik. Yn ferzjes dy't byhimmele binne om se gaadliker te meitsjen foar bern, wurdt beppe ornaris net opfretten, mar yn 'e kleankast opsletten, wylst Readkapke rêden wurdt troch de jager wylst de wolf har allinne noch mar bedrige hat.
 
===Charles Perrault===
[[File:Little Red Riding Hood - Project Gutenberg etext 19993.jpg|thumb|right|190px|In yllústraasje út in samling mearkes út [[1927]].]]
De earste printe ferzje fan ''Readkapke'' stie yn 'e samling ''Histoires et Contes du Temps Passé, avec des Moralités: Contes de Ma Mère l'Oye'' ("Stoarjes en Ferhalen út Ferfleine Tiden, mei Moralen: Ferhalen fan Us Mem de Goes"), út [[1697]], fan 'e Frânske [[skriuwer]] [[Charles Perrault]]. Yn dy ferzje fan it mearke klimt Readkapke by de wolf op bêd en wurdt dan opfretten: ein fan 't ferhaal. Perrault syn moraal wie, dat kreaze fammensbern frjemden net fertrouwe moatte, want sa komt de wolf oan syn iten. Men is fan tinken dat de reade kleur fan it kapke in tafoeging fan Perrault is dy't fammebloed symbolisearret.
 
 
==Adaptaasjes==
Der binne fan ''Readkapke'' withoefolle adaptaasjes makke ta oare media, mei dêrûnder [[roman]]s, [[koart ferhaal|koarte ferhalen]], [[poëzij]], [[plateboekprint]]eneboeken, [[stripferhaal|stripferhalen]], [[toanielstik]]ken, [[musikalmusical]]s, [[film]]s, [[tillevyzjetillefyzje]], [[fideospultsje]]s, [[muzyk]] en [[fideoklip]]s.
 
==Keppelings om utens==
*{{en}}[https://en.wikisource.org/wiki/Little_Red_Riding_Hood ''Readkapke'' op ''Wikisource'']
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* {{Aut|Grimm, Jacob en Wilhelm}}, ''De Moaiste Mearkes 1'' (oers. J. Visser-Bakker), Ljouwert, 1983 (Afûk), ISBN 9 06 27 32 321.
* {{Aut|Grimm, Jacob en Wilhelm}}, ''Mearkes fan Grimm'' (oers. A.T. Popkema), De Gordyk, 2012 (Utjouwerij Bornmeer), ISBN 978-9 05 61 52 888.
----
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Little_Red_Riding_Hood ''References'', op dizze side].
----
{{commonscat|Little Red Riding Hood}}
[[Kategory:Charles Perrault]]
[[Kategory:Bruorren Grimm]]
[[Kategory:Koart ferhaal]]
[[Kategory:Mearke]]
[[Kategory:Fabel]]
[[Kategory:Frânske literatuer]]
[[Kategory:Dútske literatuer]]