Branwell Brontë: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie ISBN
Rigel 20:
Yn 1843 waard Brontë op'en nij priveelearaar, no yn Thorp Green, fan it soantsje fan dûmny Edmund Robinson. Hy krige dat wurk fia syn suster Anne, dy't gûvernante fan Robinsons' twa âldere dochters wie. Yn dy tiid skriuwt er mei âlde freonen oer syn ferealens op Robinson's wiif Lydia, dochter fan dûmny [[Thomas Gisborne]]. Hy waard ûntslein yn 1845 út ûndúdlike redenen. Der wurdt wol tocht, nei't er sels oan famylje sein hat, fanwege it swijen fan de Robinsons oer de reden fan ûntslach en it jild dat him fia Robinson syn personiel tastutsen waard, dat er in ferhâlding mei frou Robinson hân hat en dat dat útkaam is.
 
Brontë gie doe werom nei de pastory yn Haworth, mar wie ferslein troch de ôfwêzigens fan frou Robinson en de ûnwierskynlikens dat sy inoar wer moetsje soenen. Branwell flechte yn de alkohol. Hy waard [[alkoholisme|alkoholist]] en brûkte fermoedlik ek [[laudanum]] (opium).<ref>{{aut|Gaskell, Elizabeth}}, "The Life of Charlotte Bronte", Penguin Books, 1998, ISBN: 978-0-14-043493-4</ref> Syn hâlden en dragen waard irrasjoneel en betiden gefaarlik doe't er [[delirium tremens]] ûntwikkele. Ut Charlotte har brieven docht bliken dat sy har lulk makke oer syn gedrach, mat dat har heit in soad geduld mei syn brutsen soan hie. Yn dy snuorje waarden ek de earste romans fan syn susters útbrocht; at er dat noch witten hat is net bekend.
Troch Brontë syn ferslavings hie nimmen troch dat er slim fan [[tuberkuloaze]] te lijen hie, oant er yn elkoar sakke foar hûs en dokter helle waard. In skoftke letter stoar er.