It Neifolgjen fan Kristus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 26:
| ISBN oers. =
}}
'''''It Neifolgjen fan Kristus''''', yn it oarspronklike [[Latyn]]: '''''De Imitatione Christi''''', is in [[kristendom|kristlik]] boek fan 'e hân fan 'e [[Nederlân]]ske [[skriuwer]], [[mystikus]], [[kanunnik]] en [[preester]] [[Tomas fan Kempen]] (±[[1381]]-[[1471]]). It is suver skreaun as in [[spiritualiteit|spirituële]] hânlieding foar leden fan 'e [[Moderne Devoasje]]-beweging dêr't Tomas fan Kempen ta hearde, en wie nei de [[Bibel]] it meast lêzen godstsjinstige boek yn 'e [[Lette MidsieuwenMidsiuwen]]. Fierders is ''De Imitatione Christi'' ien fan 'e meast fertaalde wurken út 'e [[skiednis]]. It wurdt karakterisearre troch de klam dy't deryn lein wurdt op in ynderlik libben en it jin weromlûken út 'e wrâld, wêrmei't it tsjin oare kristlike [[ideology]]en yngiet, dy't krekt in aktive neibearing fan [[Jezus Kristus]] foarsteane troch jin midden yn 'e wrâld te pleatsen. ''De Imitatione Christi'' datearret nei alle gedachten út 'e perioade tusken [[1418]] en [[1427]]. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Adzer H. de Vries]] ferskynde yn [[1929]].
 
==Ynhâld==