De Swarte Kat (koart ferhaal fan Edgar Allan Poe): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
ynfoboks
Rigel 1:
{{Literatuer
[[File:Aubrey Beardsley - Edgar Poe 2.jpg|thumb|right|200px|In yllústraasje út [[1894]]/[[1895]], troch [[Aubrey Beardsley]].]]
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''De Swarte Kat''
| oarspr. titel = ''The Black Cat''
| auteur = [[Edgar Allan Poe]]
| taal = [[Ingelsk]]
| foarm = [[koart ferhaal]]
| sjenre = [[Goatyske roman|gothic]], [[horror]]
| skreaun =
| 1e publikaasje = [[1843]]
| 1e opfiering =
| oarspr. útjouwer =
| rige =
| foarich diel =
| folgjend diel =
| bondel =
| prizen =
| ISBN =
| Fryske titel = ''De Swarte Kat''
| publikaasje = [[1949]], yn ''[[De Tsjerne (tydskrift)|De Tsjerne]]''
| útjouwer =
| oersetter = [[Inne de Jong]]
| prizen oers. =
| ISBN oers. =
}}
'''''De Swarte Kat''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''The Black Cat''''', is in [[koart ferhaal]] fan 'e hân fan 'e ferneamde [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[skriuwer]], [[dichter]], [[redakteur]] en [[literatuer]]kritikus [[Edgar Allan Poe]] ([[1809]]-[[1849]]). It is wol typearre as in stúdzje nei de [[psychology]] fan skuldgefoelens, en wurdt sadwaande gauris op ien sike neamd mei in oar koart ferhaal fan Poe, ''[[The Tell-Tale Heart]]''. Beide ferhalen geane oer in moardner dy't syn misdie besiket te fertsjustermoanjen, mar úteinlik, fanwegen skuldgefoelens dy't him oermânsk wurde, it spul sels útbringt. ''The Black Cat'', dat [[fertelperspektyf|skreaun is]] yn it [[ik-perspektyf]], waard foar it earst publisearre yn 'e [[krante]] ''The Saturday Evening Post'', yn augustus [[1843]]. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Inne de Jong]] datearret fan [[1949]].
 
Line 6 ⟶ 32:
 
Neitiid wie de kat fansels alhielendal net mear te besjitten. Yn 't earstoan hie de ferteller berou fan syn wrede die, mar it berou feroare al rillegau yn argewaasje. Hy rekke úteinlings sa nidich op 'e kat dat er it bist op in moarn mei de tún ynnaam en deamakke troch it op te hingjen oan in beam. Dyseldichste nacht gie it hûs fan 'e ferteller yn flammen op, en hysels, syn frou en harren tsjinstfeint wisten mar kwealk op 'e tiid bûten te kommen. De oare deis, doe't er de ruïnes trochsocht, fûn er op 'e iene muorre dy't noch stie de byltenis ynskroeid fan in baas kat dy't oan in tou om syn hals hong.
[[File:Aubrey Beardsley - Edgar Poe 2.jpg|thumb|rightleft|200px|In yllústraasje út [[1894]]/[[1895]], troch [[Aubrey Beardsley]].]]
 
Earst wied er dêr deabenaud fan, mar sa njonkelytsen oertsjûge er him fan in logyske útlis: ien fan 'e buorlju hie fansels de flammen sjoen en de deade kat troch it rút nei binnen ta smiten om him wekker te krijen. Dêrop begûn er Pluto sels te missen, en doe't er in hoartsje letter in selde soarte kat tsjinkaam, dy't sels ek in each miste, naam er it bist mei nei hûs. It iennichste ferskil tusken Pluto en de nije kat is in grutte wite bef op 'e strôt en it boarst fan it nije bist.
Line 15 ⟶ 42:
==Fryske oersetting==
De [[Frysk]]e oersetting fan ''The Black Cat'' waard yn [[1949]] publisearre yn it Frysk [[literatuer|literêr]] [[tydskrift]] ''[[De Tsjerne (tydskrift)|De Tsjerne]]''. De fertaling wie fan 'e hân fan [[Inne de Jong]] ([[1894]]-[[1975]]).
 
==Keppelings om utens==
*{{en}}[https://en.wikisource.org/wiki/The_Black_Cat ''The Black Cat'' op ''Wikisource'']
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* {{Aut|Poe, Edgar Allan}}, ''De Swarte Kat'' (oers. Inne de Jong), yn: ''De Tsjerne'', jiergong 10 (1949), s. 294.
----
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/The_Black_Cat_(short_story) ''References'', op dizze side].
}}
 
{{DEFAULTSORT:Swarte Kat (Edgar Allan Poe), De}}
[[Kategory:Koart ferhaal]]
[[Kategory:Horror]]
[[Kategory:Ingelske literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]