Bantam Books: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 24:
'''Bantam Books''' is in foaroansteande [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[útjouwerij]], dy't yn [[1945]] as selsstannich bedriuw oprjochte waard troch [[Walter B. Pitkin jr.]], [[Sidney B. Kramer]], [[Ian Ballantine]] en dy lêste syn frou [[Betty Ballantine]]. Yn 't earstoan wie it bedriuw fral in útjouwer foar de massamerk, en publisearre it almeast ''[[paperback]]''-werprintingen fan ''[[hardcover]]s'', mei út en troch ris in boek dat noch nea earder ferskynd wie. Neitiid wreide Bantam syn wurkmêd út, sawol yn 'e ''paperback''- as nei de ''hardcover''-merk.
 
Behalven ''mainstream''-[[literatuer]] jout Bantam ek in protte [[science fiction]]- en [[fantasy (sjenre)|fantasy]]boeken út, wêrûnder yn 'e jierren santich de alderearste [[roman]]s dy't basearre wiene op 'e populêre [[tillefyzje]]searje ''[[Star Trek]]''. Fierders publisearre de útjouwerij yn dyselde snuorje ek de rige ''Bantam War Books'', mei [[oarloch]]sromans dy't benammen oer de [[Twadde Wrâldoarloch]] giene, mar ek wol oer de [[Fjetnamoarloch]] of de [[Koreä-oarloch]]. [[Skylark (útjouwerij)|Skylark]] en [[Bantam Spectra|Spectra]] binne [[ymprint]]s fan Bantam.
 
De Ballantines ferlieten Bantam yn [[1952]] om harren eigen útjouwerij, [[Ballantine Books]], op te setten. Sûnt syn oprjochting is Bantam Books ferskate kearen oernommen, earst troch [[National General]] en letter troch de [[American Financial Group]] fan [[Carl Lindner]]. Yn [[1998]] waard it bedriuw oankocht troch it [[Dútslân|Dútske]] útjouwersconcern [[Bertelsmann AG]], dy't Bantam Books ûnderbrocht by syn difyzje Bantam-[[Doubleday (útjouwerij)|Doubleday]]-[[Dell Publishing Group|Dell]], dy't op syn beurt wer in ûnderdiel foarme fan [[Random House]].