In Krystliet yn Proaza: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
ynfoboks
Rigel 1:
{{Literatuer
[[File:A Christmas Carol - Mr. Fezziwig's Ball.jpg|right|thumb|200px|De Geast fan it Krystfeest fan it Ferline nimt Scrooge û.m. mei nei it krystbal by syn âlde wurkjouwer, menear Fezziwig.]]
| ôfbylding = Charles Dickens-A Christmas Carol-Cloth-First Edition 1843.jpg
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte = 200px
| titel = ''In Krystliet yn Proaza''
| oarspr. titel = ''A Christmas Carol''
| auteur = [[Charles Dickens]]
| taal = [[Ingelsk]]
| foarm = [[novelle]]
| sjenre = [[kryst]]ferhaal
| skreaun =
| 1e publikaasje = [[1843]], [[Londen]]
| 1e opfiering =
| oarspr. útjouwer = [[Chapman & Hall]]
| rige =
| foarich diel =
| folgjend diel =
| bondel =
| prizen =
| ISBN =
| Fryske titel = ''In Krystliet yn Proaza''
| publikaasje = [[1991]], [[Boalsert (stêd)|Boalsert]]
| útjouwer = [[Koperative Utjouwerij]]
| oersetter = [[Jabik Veenbaas]]
| prizen oers. =
| ISBN oers. = 9 06 57 02 261
}}
'''''In Krystliet yn Proaza''''', better bekend ûnder de oarspronklike [[Ingelsk]]e titel '''''A Christmas Carol''''', is in [[novelle]] fan 'e [[njoggentjinde iuw|njoggentjinde-iuwske]] [[Grut-Brittanje|Britske]] [[skriuwer]] [[Charles Dickens]], dy't fertelt hoe't de hurdhertige nepert Ebenezer Scrooge yn 'e nacht foar de [[kryst]] besocht wurdt troch trije geasten, en fan gefolgen úteinlik ta ynkear komt. It hoopfolle teltsje, dat foar it earst útjûn waard yn [[1843]], hat him ûntjûn ta ien fan 'e meast ikoanyske krystferhalen dy't mar besteane. Ek hjoed de dei noch is it tige populêr; yn it Ingelsk hat ''In Krystliet'' noch nea ûnbestelber west, mei't der almar wer nije printingen ferskine. It is fierders adaptearre ta withoefolle oare media, lykas [[film]], [[toaniel]] en [[opera]]. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Jabik Veenbaas]] kaam út yn [[1991]].
 
Line 9 ⟶ 35:
==Plot==
Yn ''In Krystliet yn Proaza'' is de haadpersoan de sakeman Ebenezer Scrooge, dy't troch Dickens (yn oersetting fan Veenbaas) omskreaun wurdt as "in tinne, deune, klauwende, skrabjende, gjirrige âlde sûnder", dy't gjin romte yn syn libben hat foar freonlikheid, begrutsjen, goeddiedichheid of goedaardichheid. Hy hatet de kryst, stegeret de útnûging ta in gastmiel troch syn omkesizzer Fred ôf, en wiist inkele hearen op ûnfatsoenlike wize it gat fan 'e doar as hja him om in jefte foar de earmen freegje. Syn iennichste "krystgeskink" is dat er syn oerwurke en ûnderbetelle klerk Bob Cratchit mei wrok en tsjinnichheid tastiet om Earste Krystdei frij te nimmen sûnder lean.
[[File:A Christmas Carol - Mr. Fezziwig's Ball.jpg|rightleft|thumb|200px|De Geast fan it Krystfeest fan it Ferline nimt Scrooge û.m. mei nei it krystbal by syn âlde wurkjouwer, menear Fezziwig.]]
 
As er op dy bitter kâlde krystjûn, persiis sân jier nei't syn lykstimde sakepartner Jacob Marley stoarn is, nei hûs ta giet, wurdt er besocht troch Marley syn geast, dy't no foar ivich in bestraffing yn it hjirneimels ûndergiet. Marley warskôget Scrooge dat er feroarje moat as er net itselde lot ûndergean wol as hysels, en kundiget oan dat Scrooge dy nachts besocht wurde sil troch trije oare geasten.
Line 14 ⟶ 41:
De earste fan dy geasten, de Geast fan it Krystfeest fan it Ferline, nimt Scrooge mei nei krystfoarfallen út syn jonkheid, dy't de âld nepert in tiid tebinnenbringe dat er noch net sa hurdhertich wie. Dêrby wurdt ek ferklearre hoe't Scrooge wurden is sa't er is en wêrom't er sa'n hekel oan 'e kryst hat.
 
[[File:Charles Dickens-A Christmas Carol-Cloth-First Edition 1843.jpg|thumb|left|150px|De omslach fan 'e alderearste printinge.]]
De twadde besiking, troch de Geast fan it Krystfeest fan it Hjoed, lit Scrooge sjen hoe't oare lju kryst fiere: in fleurige merk mei minsken dy't út te boadskipjen binne foar it krystmiel, de krystfiering yn 'e wente fan in mynwurker en yn in fjoertoer. Ek kriget Scrooge te sjen hoe't it der by syn klerk Bob Cratchit yn 'e hûs om en ta giet, wêrby't dy syn jongste soan, it jonkje Lytse Tim, yntrodusearre wurdt, dat slim siik is, mar dêr net foar behannele wurde kin om't Scrooge it ferhipt en betelje Cratchit in fatsoenlik lean. Ek besykje de frek en de geast it gastmiel fan syn omkesizzer Fred, dêr't Scrooge raar opheart fan hoe't er by oaren oer de tonge giet.
 
Line 25 ⟶ 51:
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* {{Aut|Dickens, Charles}}, ''In Krystliet yn Proaza'', Boalsert, 1991 (Koperative Utjouwerij), ISBN 9 06 57 02 261).
----
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/A_Christmas_Carol ''References'', op dizze side].
}}
 
<!--Sortearje op "Kristliet" is gjin typflater, mar in manear om de titel yn 'e kategoryen op alfabet te krijen-->
[[Kategory{{DEFAULTSORT:Kryst|Kristliet yn Proaza, In]]}}
[[Kategory:Ingelske literatuer|Kristliet yn Proaza, InNovelle]]
[[Kategory:Fryske oersetting|Kristliet yn Proaza, InKryst]]
[[Kategory:Ingelske literatuer]]
 
[[Kategory:Fryske oersetting]]
{{Link FA|fr}}