C.A. Reitzels Boghandel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 25:
 
==Skiednis==
Reitzel, dy't yn 'e lear west hie yn 'e boekhannel fan [[Gerhard Bonnier]], rjochte syn eigen boekwinkel yn [[1819]] op mei in liening fan 200 Deenske [[ryksdaalder]]s. Syn konkurrinten wiene dêr net botte wiis mei, om't se fûnen dat der al mear as genôch boekhannels yn Kopenhagen wiene, en mei in soad bargen wurdt it drinken krap. Mar Reitzel wie in handige sakeman, dy't it slagge en bring syn guod mei [[koarting]] oan 'e man troch grutte oantallen boeken yn ien kear by [[Dútslân|Dútske]] [[útjouwerij]]en te bestellen. Yn 't earstoan gie it dêrby fral om 'e wurken fan [[skriuwer]]s as [[Johann Wolfgang von Goethe]] en [[Friedrich Schiller]]. Op dy manear kweekte er ek in protte goede wil by de útjouwerijen dêr't er fan ôfnaam, sadat er neitiid gauris ladings boeken op kredyt krije koe. Letter wist Reitzel it [[monopoalje]] as [[universiteit]]boekhannel te besetten, wat û.m. ynhold dat hy as iennichste leverje mocht oan 'e Kopenhaachske Universiteitsbibleteek.
[[File:Reitzels boghandel facade 2.jpg|left|thumb|200px|''C.A. Reitzels Boghandel'' yn [[Kopenhagen]].]]