Aegidius Francken: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
dêre
Rigel 3:
Aegidius Francken syn heit Hendrik was [[dûmny]] en mem Catharina van Esch kaam út in âlde [[adel|aadlike]] famylje. Fan 1694 ôf studearre er teology oan de [[Universiteit Leien|Leienske Universiteit]]. Francken waard 1705 predikant yn [[Rijsoord]] en yn 1713 yn Maasslûs. Dêr stie er oant syn dea yn 1743.
 
Francken is fral ferneamd wurden as skriuwer fan in [[dogma (kristendom)|dogmatysk]] hânboek foar gemeenteleden, ''Stellige God-geleertheyd''. Dat boek waard yn de 19e ieu brûkt foar it teologysk ûnderrjocht by de [[Kristlike Ofkieden Gemeenten|Kristlik Ofskieden Tsjerke]]. Ek yn [[Súd-Afrika]] waard it brûkt; dêr makke [[Dirk Postma]] ([[Dokkum]], 1818- [[Burgersdorp]], 1890), de stichter fan de saneamde "Dopperkerk", der in geatfetting fan, ''Mijne handleiding voor de godgeleerdheid, volgens de kern van Aegidius Francken'' (1875). Fierders skreau Francken twa helpmiddelen foar de [[kategese]] ''Kern der christelyke leere'' en ''Voorbeeld der christelyke leere''.
 
== Wichtichste publikaasjes ==