Aldehou (toer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Roomsk-Katolike
Rigel 14:
=== Bou fan de toer ===
Boumaster vanVan Aaken hie sin oan't kerwei en sette útein mei it fûndearjen. Boumaster vanVan Aaken wie fan heit op soan in hurde ûndergrûn wend en it bouen op de Fryske [[klaai]] wie foar him sûnder mis in besykjen, in eksperiment. Hy liet in grutte djippe kûle grave, dêr't er oan't op in djipte fan 1,15 meter bar om bar hurde kalk en taaie klaailagen yn smiet. Doe koe in begjin makke wurde mei it bouen fan 'e toer. Om elts risiko út 'e wei te gean krige de Aldehou in brede foet, fersterke fan acht frij fier útboude steunbearen. Eins soene op dizze útsteksels bylden van [[Hilligen]] en [[Ingels]] set wurde, mar dat is der nea van kommen.
 
Al dizze maatregels hawwe lykwols neat úthelle, want de toer begûn al nei it noardwesten te fersakjen doe't er nog mar tsien meter heech wie. Neffens minsken dy't it witte kinnen is de treptoer mei 127 sânstienen trêden, dy't tsjin de noardwestlike steunbear boud is, tegearre mei it gewicht de reden fan it fersakjen, wêrtroch de Aldehou sa'n 1 meter 68 út it lead stiet.
Rigel 22:
De nije boumaster waard [[Cornelis Frederiks]]. Hij hat der mar ien jier oan arbeidzje mocht, doe waard it bouwwurk stillein en bleauwen de Ljouwerters sitten mei de net ôfboude toer mei it útsûnderlik skaaimerk dat dy toer út it lead stie. Dit lêste is net hielendal wier, want it fersakjen waard opheind, troch geregeldwei op'e nij op't sjitlead fierder te mitseljen, en sadwaande waard de toer net allinne [[skean]], mar ek [[krom]].
 
De bou waard stillein om't de Lege Lannen ûnder ynfloed fan de lear fan [[Maarten Luther]] kamen. De Aldehou wie de tsjerketoer fan de [[Roomsk-KatolykeKatolike Tjerke|Roomsk KatolykeKatolike]] [[Sint Vitustsjerke]], dat men krige foar de bou gjin jild mear.
 
=== Restauraasjes ===