Michel Velleman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: thumb|'Professor Ben Ali Libi' (1933) '''Michel Velleman''' (Grins, 5 jannewaris 1895 - Sobibór, 2 july 1943) wie in...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 2 mai 2015 om 21.44

Michel Velleman (Grins, 5 jannewaris 1895 - Sobibór, 2 july 1943) wie in Nederlânsk gûcheler en yllusjonist dy't optrede ûnder de skûlnamme Ben Ali Libi. Hy waard yn de Twadde Wrâldoarloch troch de nazy's deadien.

'Professor Ben Ali Libi' (1933)

Biografy

Yn de jierren tweintich ferfear Velleman nei Amsterdam, dêr't er as humoristisch goochelaar, professor Ben Ali Libi optrede soe. It Nieuwsblad van het Zuiden skreau yn 1924 oer him: Ben Ali Libi is een handige toovenaar die de aanwezigen versteld doet staan van zijn ongelooflijke toeren. Al deze toeren op te noemen is natuurlijk onmogelijk, doch hij had een groot succes. Een heele avond met deze toovenaar alleen zou niemand vervelen. Hy joech foarstellings foar ûnder oaren prins Hendrik en de Dútske eardere keizer Wilhelm.

By in razzia yn juny 1942 yn Amsterdam waard Velleman mei syn húshâlding oppakt. Hy waard letter fermoarde yn it ferneatigingskamp Sobibór.

Oantins

Velleman is bekend wurden troch it gedicht dat Willem Wilmink oer him makke hat.

Dirk Jan Roeleven makke yn 2014 in dokumintêre oer it libben fan ‘Ben Ali Libi’.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. [1] Ben Ali Libi: Hans Klok, Dirk Jan Roeleven, Jules Schelvis - 13-11-2014 VARA, 13 novimber 2014