Noardeastpolder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Taketa (oerlis | bydragen)
No edit summary
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
Rigel 3:
 
De '''Noardeastpolder''' ([[Nederlânsk]]: ''Noordoostpolder''), yn it [[Frysk]] ek wol it '''Suderleech''' neamd, is in [[polder]] en in [[gemeente]] yn de [[provinsje]] [[Flevolân]], mei ûngefear 46.000 ynwenners (1 jannewaris 2010), en mei in gebiet fan 595,41 km<sup>2</sup>, dêrfan 135,37 km<sup>2</sup> wetter.
 
== Skiednis ==
De Noardeastpolder wie in part fan it [[Suderseeprojekt]], it projekt om de eardere [[Sudersee]] yn te polderjen.
Line 31 ⟶ 32:
* [[Luttelgeast]] waard neamd nei in plakje, dat ea by it doe tige foarname [[Kúnder]] lei.
* [[Marknesse]] is neamd nei Marcnesse of Marenesse, in doarp dat neffens de kroniken yn de buert fan Urk en Skoklân lein hat.
* [[Nagele]] is in namme, dy't doe't de [[Noardeastpolder]] ûntstie, krekt net ferdwûn wie. Alde Suderseefiskers bewearden wol, dat se harren netten skuorden oan de restanten fan it plak Nagele (op âlde kaarten foarkommend ûnder de nammen Naghele en Nakala) dat ea tusken Urk en Skoklân lei. Byleauwige seelju hearden dêr by stoarmwaar sels de klokken fan de troch de see ferwoaste toer lieden.
* [[Rutten]] is ôflaat fan Ruthne, in doarp dat yn de [[14e ieu]] noch noardlik fan Urk lein hawwe moat.
* [[Tollebeek]] lei earder yn de buert fan Urk, it plak is in stêdebân oangien mei [[Tollembeek]] yn [[Belgje]]