Haadmenu iepenje

Changes

ynfoboks
{{Literatuer
[[Ofbyld:Elie Wiesel 2012 Shankbone.JPG|thumb|right|200px|Elie Wiesel.]]
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''De Poarten fan it Wâld''
| oarspr. titel = ''Les Portes de la Forêt''
| auteur = [[Elie Wiesel]]
| taal = [[Frânsk]]
| foarm = [[roman]]
| sjenre = [[holokaust]]literatuer
| skreaun =
| 1e publikaasje = [[1964]], [[Parys]]
| 1e opfiering =
| oarspr. útjouwer = [[Éditions de Seuil]]
| rige =
| foarich diel =
| folgjend diel =
| bondel =
| prizen =
| ISBN =
| Fryske titel = ''De Poarten fan it Wâld''
| publikaasje = [net útjûn]
| útjouwer =
| oersetter = [[Jacobus Knol]]
| prizen oers. =
| ISBN oers. =
}}
'''''De Poarten fan it Wâld''''', yn it oarspronklike [[Frânsk]]: '''''Les Portes de la Forêt''''', is in [[roman]] fan 'e hân fan 'e [[joadendom|Joadsk]]-[[Feriene Steaten|Amerikaansk]]e [[skriuwer]], [[heechlearaar]], polityk aktivist, [[Nobelpriis]]winner en [[holokaust]]oerlibbene [[Elie Wiesel]] ([[1928]]). It boek fertelt it ferhaal fan 'e joad Gregor, dy't as jonge yn [[East-Jeropa]] de [[Twadde Wrâldoarloch]] oerlibbet, en syn syktocht nei de man dy't him rêde. Wiesel hat dit ferhaal mear as in bytsje [[autobiografy]]sk makke. ''Les Portes de la Forêt'' waard foar it earst útjûn yn [[1964]]; yn [[2004]] waard it oerset yn it [[Frysk]], mar dy fertaling is spitigernôch nea útjûn.
 
==Ynhâld==
Yn it [[Hongarije]] fan 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] ferskûlet de santjinjierrige joadske jonge Gregor him yn in grot. Hy is dêr troch syn âldelju efterlitten, mar hy sjocht harren nea wer; se wurde oppakt troch de [[Dútslân|Dútsers]] en nei de [[konsintraasjekamp]]en ta deportearre, dêr't se omkomme. Underwilens wachtet Gregor yn syn grot op 'e ein fan 'e oarloch en op 'e komst fan 'e [[messias]], sadat dy in ein meitsje kin oan 'e holokaust. Ynstee komt der in oare joad by him, in man dy't fan Gavriel hjit, en dy't úthâldt dat er mei de [[profeet]] [[Elía]] sprutsen hat. Dy soe him ferteld hawwe dat de messias net mear komt, om't er al kommen is, en rûnombywêzich is.
[[Ofbyld:Elie Wiesel 2012 Shankbone.JPG|thumb|rightleft|200px180px|Elie Wiesel.]]
 
Uteinlik rêdt Gavriel Gregor syn libben troch himsels op te offerjen. Gregor ferlit de grot en ferskûlet him yn in doarp, dêr't er him foardocht as in [[dôfstommens|dôfstomme]] boerejonge. Letter jout er him yn 'e wâlden by de [[partisaan|partisanen]] fan it Joadske ferset. Mar syn oarlochsaventoeren binne mar in dekôr foar wêr't dit boek echt oer giet: Gregor syn fertwifeling oer de fraach wêr't [[God]] him ferskûle hâldt. Hoe kin in minske ferlossing fine yn in wrâld dy't troch God yn 'e steek litten is? Pas lang nei de oarloch beseft Gregor wat Gavriel him eins besocht dúdlik te meitsjen. Hy begjint hiel [[Jeropa]] en letter de [[Feriene Steaten]] ôf te sykjen nei Gavriel. Mar dyselde, sa komt er úteinlik te begripen, is foar him inkeld in pleatsferfangende messias, en as er fan sa'nent ferlet hat, betsjut dat dat er syn [[leauwe]] ferlern hat yn Gavril syn boadskip dat de messias rûnombywêzich is.
==Fryske oersetting==
Yn [[2004]] is ''Les Portes de la Forêt'' troch [[Jacobus Knol]] fan [[Dokkum]] oerset yn it [[Frysk]], ûnder de titel ''De Poarten fan it Wâld''. Spitigernôch koed er der gjin [[útjouwer]] foar fine, dat Knol hat de oersetting inkeld foar himsels printsje en ynbine litten, mar hy is nea yn 'e hannel kommen.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
*{{Aut|Wiesel, Elie}}, ''De Poarten fan it Wâld'' (fert. Jacobus Knol), Dokkum, 2004, (net útjûn).
----
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch op [http://en.wikipedia.org/wiki/The_Gates_of_the_Forest dizze side].
}}
 
{{DEFAULTSORT:Poarten fan it Wâld, De}}
[[Kategory:Elie Wiesel]]
[[Kategory:Roman]]
[[Kategory:Holokaustliteratuer]]
[[Kategory:Frânske literatuer]]