Ramayana: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Rigel 1:
{{Literatuer
[[Ofbyld:Stone bas relief at Banteay Srei in Cambodia.jpg|thumb|right|450px|In stiennen bas-reliëf fan in sêne út it ''Rāmāyaṇa'' op in [[boedisme|boedistyske]] timpel te [[Banteay Srei]], yn [[Kambodja]] ([[Rama|Rāmā]] is dejinge mei de bôge, rjochts fan 'e midden.]]
| ôfbylding = Double-sided folio from a Ramayana 1.jpg
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte = 200px
| titel = ''Ramayana''
| oarspr. titel = रामायण ("Rāmāyaṇa")
| auteur = [[Valmiki|Vālmīki]]
| taal = [[Sanskryt]]
| foarm = [[poëzij]]
| sjenre = [[epos]]
| skreaun = 5e – 4e ieu f.Kr.
| 1e publikaasje =
| 1e opfiering =
| oarspr. útjouwer =
| rige =
| foarich diel =
| folgjend diel =
| bondel =
| prizen =
| ISBN =
| Fryske titel =
| publikaasje =
| útjouwer =
| oersetter =
| prizen oers. =
| ISBN oers. =
}}
It '''''Ramayana''''', yn it oarspronklike [[Sanskryt]]: '''रामायण''', sekuerdere transliteraasje: '''''Rāmāyaṇa''''' (útspr.: /rɑːmɑːjəɳə/), is ien fan 'e beide grutte [[epysk gedicht|epyske gedichten]] fan it [[hindoeïsme]] (it oare is it ''[[Mahabharata|Mahābhārata]]''). It bestiet út mear as 50.000 dichtregels en is gearstald fan 'e [[fjirde ieu f. Kr.|fjirde]] en [[fyfde ieu f. Kr.]] Yn dy tiid waard de haadpersoan, de godheid [[Rama|Rāmā]], wierskynlik noch net beskôge as in ynkarnaasje fan 'e oppergod [[Vishnu]]. Tradysjoneel wurdt dit epos taskreaun oan 'e wize en [[dichter]] [[Valmiki|Vālmīki]]. It ''Rāmāyaṇa'', dat oerset wurde kin as de "Reis fan Rāmā" (of, frijer fertaald, as de "Wurken fan Rāmā"), beskriuwt de syktocht fan Rāmā nei syn troch de demon [[Ravana|Rāvaṇa]] ûntfierde frou [[Sita (hindoeïsme)|Sītā]], dy't er úteinlik mei de help fan 'e apegod [[Hanuman]] út Rāvaṇa syn keninkryk Lanka ([[Sri Lanka]]) befrijt. It ferhaal giet yn prinsipe oer de striid tusken goed en kwea, mar leart de lêzer ûnderwilens in protte [[etysk]]e lessen. It ''Rāmāyaṇa'' is de wichtichste [[religy|religieuze]] tekst foar de [[vishnuïsme|vishnuïtyske]] hindoes fan 'e [[Rama-Sita-kultus|Rāmā-Sītā-kultus]]. Behalven yn it hindoeïsme nimt it ek in wichtich plak yn yn it [[boedisme]], it [[jaïnisme]] en it [[sikhisme]]. It is ien fan 'e hoekstiennen fan 'e kultuer fan [[Yndia]] en [[Nepal]] en teffens fan boedistyske [[Súdeast-Aazje|Súdeastaziatyske]] lannen lykas [[Burma]], [[Tailân]], [[Laos]] en [[Kambodja]], en sels fan it sûnt ieuwen [[islam]]ityske [[Yndoneezje]] en [[Maleizje]].
 
Line 10 ⟶ 36:
== Ynhâld ==
[[Dasharatha|Daśaratha]], de kening fan Ayodhya, hat trije froulju en fjouwer soannen. De âldste is Rāmā, de soan fan syn earste frou [[Kausalya|Kausalyā]], en de twadde is [[Bharata (Ramayana)|Bhārata]], de soan fan syn twadde en leaflingsfrou [[Kaikeyi|Kaikeyī]]. De oaren binne de [[twilling]] [[Lakshmana|Lakṣmaṇa]] en [[Shatrughna|Śatrughna]]. De tsjeppe prinsesse Sītā is de dochter fan 'e hearsker fan in buorkeninkryk fan Ayodhya. Op in ''[[swayamvara]]'', in seremoanje wêrby't potinsjele brêgemannen harren bewize moatte, yn dit gefal om mei Sītā trouwe te meien, wurdt de houlikskandidaten frege om in reuseftige bôge te spannen. Net ien kin it ding sels mar optille, mar Rāmā spant him net allinnich, hy brekt him midstwa. Dêrop kiest Sītā Rāmā ta man.
[[Ofbyld:An Ramlila Actor In The Role of Ravana.jpg|thumb|left|250px|In [[akteur]] yn it tradysjonele kostúm fan 'e tsienhollige demoanekening [[Ravana|Rāvaṇa]].]]
 
As kening Daśaratha ôftrede wol om syn lêste jierren as [[klúzner]] yn 'e bosk troch te bringen, is it syn bedoeling dat Rāmā him opfolgje sil. Mar dan easket keninginne Kaikeyī op grûn fan in ûnthjit dat Daśaratha har ienris dien hat, dat ynstee hàr soan Bāratha kening wurde sil. De kening smeket har om him dêr net op te fergjen, mar hja set troch, en sa wurdt Bhārata ta kening útroppen, wylst Rāmā fjirtjin jier lang yn ballingskip yn 'e bosk trochbringe moat. Rāmā, dy't altyd om syn heite sizzen jout en macht net in protte skele kin, is it eins allikefolle oft er no yn ballingskip moat of op 'e troan komt. Sītā bepraat him om har mei te nimmen nei de bosk en ek syn jongere broer Lakṣmaṇa beselskippet him. As Bhārata útfynt hoe't syn mem him de troan besoarge hat, griist it him oan. Hy set nei de bosk ta en besiket Rāmā oer te heljen en kom werom, mar dy wegeret dat. Uteinlik stimt Bāratha deryn ta om in soarte fan steedhâlder foar Rāmā yn 't plak te wurden.
 
[[Ofbyld:An Ramlila Actor In The Role of Ravana.jpg|thumb|left|250px|In [[akteur]] yn it tradysjonele kostúm fan 'e tsienhollige demoanekening [[Ravana|Rāvaṇa]].]]
De jierren geane foarby en Rāmā, Sītā en Lakṣmaṇa binne yn 'e bosk tige gelokkich. Op in dei besiket [[Surpenakha]], in prinsesse fan 'e ''[[rakshasa|rākṣasa's]]'' (demoanen), om Rāmā te ferlieden, en Rāmā rekket moai fier ûnder har tsjoen, mar Lakṣmaṇa rêdt him troch har de noas en earen ôf te snijen en fuort te jeien. As Surpenakha har broer [[Khara]] dêrfan heart, bringt er in leger ''rākṣasa's'' gear om syn suster te wreekjen, mar Rāmā en Lakṣmaṇa ferdylgje him en syn hiele leger. Dêrop keart Surpenakha werom nei har oare broer Rāvaṇa, de tsienhollige hearsker fan it eilân Lanka, dy't behalven om syn wiisheid ek bekend stiet om syn swak foar tsjeppe froulju, en fertelt him yn geuren en kleuren oer de kreaze Sītā. Rāvaṇa stjoert dêrop de ''rākṣasa'' [[Maricha|Mārīca]] yn 'e foarm fan in gouden [[hart]] nei Rāmā syn wâld ta. Sītā rekket alhiel yn 'e ban fan it bist en trunet Rāmā oan om it foar har te fangen. Rāmā en Lakṣmaṇa geane der dan nei op jacht, nei't se in magyske sirkel om Sītā hinne makke hawwe en har op it hert drukt hawwe om dêrbinnenyn te bliuwen, dêr't se feilich is. Sadree't se ôfset binne, ferskynt lykwols Rāvaṇa, yn 'e foarm fan in earmoedige âlde [[askeze|askeet]], dy't om in [[jelmis]] biddelet. Sītā stapt út 'e sirkel om him wat te jaan, en wurdt dan daliks grepen en fuortfierd nei Lanka. Dêr wurdt se finzen holden, wylst Rāvaṇa om bar mei sjerpsmarren en drigemintsjen besiket har safier te krijen dat se mei him trouwe wol. Sītā bliuwt lykwols trou oan Rāmā.
 
Rāmā is alhiel telider slein as er thúskomt en Sītā ferdwûn is. Fan 'e gier [[Jayatu|Jayātu]], dy't tsjûge wie fan 'e ûntfiering en deadlik ferwûne rekke is doe't er besocht om Sītā te rêden, hearre Rāmā en Lakṣmaṇa úteinlik wat de bard is. Hja sette daliks ôf om Sītā te befrijen, mar witte net wêr't se hinne brocht is. Hja moetsje de apegod Hanuman en helpe him om [[Sugriva|Sugrīva]], de rjochtlike kening fan 'e apen, dy't troch syn jongere broer ôfset is, wer oan 'e macht te bringen. Yn ruil foar de help fan Rāmā en Lakṣmaṇa stjoere de apen dan ekspedysjes yn alle wynrjochtings om nei Sītā te sykjen. Dy't nei it noarden, easten en westen ta útstjoerd binne, keare sûnder wat bedijd te hawwen werom, mar de súdlike ekspedysje kriget fan 'e gier [[Sampati|Sampāti]] te hearren dat Sītā nei it eilân Lanka ta brocht is.
[[Ofbyld:Stone bas relief at Banteay Srei in Cambodia.jpg|thumb|right|450px|In stiennen bas-reliëf fan in sêne út it ''Rāmāyaṇa'' op in [[boedisme|boedistyske]] timpel te [[Banteay Srei]], yn [[Kambodja]] ([[Rama|Rāmā]] is dejinge mei de bôge, rjochts fan 'e midden.]]
 
Hanuman, dy't fleane kin om't syn heit de wyn is, giet op ferkenning út en ûntdekt wêr't Sītā fêstholden wurdt. Hy treast en bemoediget har, en hâldt op Lanka hûs mei beammen en gebouwen te ferrinnewearjen en ''rākṣasa's'' te fermoardzjen. Uteinlik lit er him fange en foar Rāvaṇa bringe, sadat er de kâns kriget om dyselde it mannewaar op te sizzen. Hy wurdt ta de dea feroardiele en fêstbûn wylst syn sturt yn 'e brân stutsen wurdt, mar hy brekt frij en springt mei syn brânende sturt fan dak nei dak en set sa hiele Lanka yn ljochte lôge. Dêrnei fljocht er werom nei Rāmā om ferslach út te bringen.
Line 26 ⟶ 53:
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Ramayana ''Footnotes'', ''References'' en ''Further reading'', op dizze side].
----
{{commonscat|Ramayana}}
}}
 
Line 32 ⟶ 61:
[[Kategory:Poëzy]]
[[Kategory:Epos]]
 
{{Link FA|hi}}
{{Link GA|cs}}