Ester (bibelboek): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L korr
Rigel 3:
 
==Oarsprong en skriuwer==
Ornaris is men fan tinken dat ''Ester'' yn 'e trêde of fjirde ieu f.Kr. ûntstien wêze moat. Neffens de joadske tradysje is it boek yn syn hjoeddeiske foarm in bewurking troch de [[Grutte Gearkomste]] (fan joadske wizen, dy't de ''Tenach'' gearstalde) fan in oarspronklike tekst dy't skreaun wêze soe troch [[Mordekai]], ien fan 'e haadrolspilers út it ferhaal. Dêrmei wurdt ûndersteld dat de tekst in werjefte fan histoaryske feiten is. Lykwols binne dêr nochal wat swierrichheden mei, net yn it lêste plak trochdat der yn it boek oantoanbere histoaryske ûnwierheden steane, bgl. wat de steatsopbou en it regearingsapparaat fan it Perzyske Ryk oanbelangje. De Perzyske kening Ahasfearos wurdt yn 'e regel identifisearre as [[Kserkses I]] (486-465 f.Kr.), al wol de iere [[Gryksk]]e bibeloersetting, de ''[[Septuaginta]]'', hawwe dat it [[Artakserkses II]] (405-359 f.Kr.) wie. Mar yn beide gefallen is de identifikaasje fan 'e oare haadpersoanen fan it Esterferhaal eins net goed te krijen. Dêrfandinne miene frijwat hjoeddeiske bibelwittenskippers en [[teolooch|teologen]] dat ''Ester'' gjin histoarysk ferslach mar in [[histoaryske roman|histoaryske]] [[novelle]] is, dy't sjoen wurde moat as in [[allegoaryallegory|allegoaryske]]ske útlis fan 'e oarsprong fan it joadske [[Pûrim]]feest.
 
==Bysûnderheden==