1 en 2 Kroniken: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L korr
ynfoboks, boarnen
Rigel 1:
{{Literatuer
'''''1 Kroniken''''' en '''''2 Kroniken''''' binne twa boeken fan 'e [[kristendom|kristlike]] [[Bibel]]; yn it [[Alde Testamint]] falle se ûnder de ''Skiednis'' en as sadanich foarmje se it 13de en 14de bibelboek (fan 39). De opspjalting yn twa dielen is yn 'e lêste ieu(wen) f.Kr. ûntstien by de oersetting fan 'e [[Hebrieusk]]e tekst nei it [[Gryksk]], en yn 'e ''[[Tenach]]'', de [[joadendom|joadske]] Bibel, bestiet dy dan ek net; dêr is '''''Kroniken''''', yn it oarspronklike Hebrieusk: '''דברי הימים''', '''''Diḇrei ha-Yamim''''' ("De Dingen fan 'e Dagen"), it 24ste boek (fan 24) en falt it ûnder de ''Ḵeṯuḇim'' (de "Geskriften"). Yn it Gryksk hjitte de beide boeken '''Παραλειπομένων''', '''''Paralipomenon''''' ("De Dingen Dy't Weilitten Binne"). Yn ''1 Kroniken'' en ''2 Kroniken'' wurdt de hiele skiednis fan 'e [[Israeliten]] nochris op 'e nij oereide, begjinnend by [[Adam]], de earste [[minske]], en einigjend mei de fal fan [[Jeruzalim]] en de [[Babyloanyske Ballingskip]]. Dêrmei rinne de beide boeken benammentlik lykop mei ''[[1 en 2 Samuël]]'' en ''[[1 en 2 Keningen]]''. Oer it algemien wurde de ''Kroniken'' dan ek beskôge as in oanfolling dêrop.
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''1 Kroniken'' & ''2 Kroniken''
| oarspr. titel = דברי הימים ("Diḇrei ha-Yamim")
| auteur = anonimus
| taal = [[Hebrieusk]]
| foarm = [[non-fiksje]], [[proaza]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = 350 – 300 f.Kr. (?)
| 1e publikaasje =
| 1e opfiering =
| oarspr. útjouwer =
| rige = [[Alde Testamint]]
| foarich diel = ''[[1 en 2 Keningen]]''
| folgjend diel = ''[[Ezra (bibelboek)|Ezra]]''
| bondel = [[Bibel]]
| prizen =
| ISBN =
| Fryske titel = ''1 Kroniken'' & ''2 Kroniken''
| publikaasje = [[1943]], [[Haarlim]]
| útjouwer = [[Nederlands Bijbelgenootschap]]
| oersetter = [[G.A. Wumkes|G.A. Wumkes]] en [[E.B. Folkertsma|E.B. Folkertsma]]
| prizen oers. =
| ISBN oers. =
}}
'''''1 Kroniken''''' en '''''2 Kroniken''''' binne twa boeken fan 'e [[kristendom|kristlike]] [[Bibel]]; yn it [[Alde Testamint]] falle se ûnder de ''Skiednis'' en as sadanich foarmje se it 13de en 14de bibelboek (fan 39). De opspjalting yn twa dielen is yn 'e lêste ieu(wen) f.Kr. ûntstien by de oersetting fan 'e [[Hebrieusk]]e tekst nei it [[Gryksk]], en yn 'e ''[[Tenach]]'', de [[joadendom|joadske]] Bibel, bestiet dy dan ek net; dêr is '''''Kroniken''''', yn it oarspronklike Hebrieusk: '''דברי הימים''', '''''Diḇrei ha-Yamim''''' ("De Dingen fan 'e Dagen"), it 24ste boek (fan 24) en falt it ûnder de ''Ḵeṯuḇim'' (de "Geskriften"). Yn it Gryksk hjitte de beide boeken '''Παραλειπομένων''', '''''Paralipomenon''''' ("De Dingen Dy't Weilitten Binne"). Yn ''1 Kroniken'' en ''2 Kroniken'' wurdt de hiele skiednis fan 'e [[Israeliten]] nochris op 'e nij oereide, begjinnend by [[Adam]], de earste [[minske]], en einigjend mei de fal fan [[Jeruzalim]] en de [[Babyloanyske Ballingskip]]. Dêrmei rinne de beide boeken benammentlik lykop mei ''[[1 en 2 Samuël]]'' en ''[[1 en 2 Keningen]]''. Oer it algemien wurde de ''Kroniken'' dan ek beskôge as in oanfolling dêrop. De earste folsleine [[Frysk]]e oersetting fan ''1 Kroniken'' en ''2 Kroniken'' stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dy't yn [[1943]] útkaam.
 
==Oarsprong==
It lêste foarfal dat yn ''2 Kroniken'' op 't aljemint komt, is de tastimming dy't de [[Perzyske Ryk|Perzyske]] kening Koaresj ([[Syrus de Grutte]], dy't yn 539 f.Kr. it [[Nijbabyloanyske Ryk]] ferovere) de [[Joaden]] jout om werom te kearen nei harren lân; dêrmei wurdt in ierst mooglike datum foar it gearstallen fan 'e ''Kroniken'' jûn. Men tinkt dat de boeken earne tusken 400 en 250 f.Kr. (mei 350-300 f.Kr. as wierskynlikste perioade) skreaun binne troch ien inkele persoan, al hawwe der neitiid wat redigearrings en oanfollings plakfûn. Neffens de joadske tradysje soe de preester [[Ezra (preester)|Ezra]] de [[skriuwer]] fan 'e boeken wêze, mar de moderne bibelwittenskip hat dêrfoar gjin bewiis fine kind en neamt de anonime auteur dêrom "de Kronykskriuwer". It moat in belêzen [[teolooch]] west hawwe, nei alle gedachten in preester, mei't er yngeand omtinken skinkt oan alles dat mei de joadske preesterstân en de [[Leviten]] (de [[stammen fan Israel|Israelityske stamme]] dy't de preesters levere) te krijen hat. De earste folsleine [[Frysk]]e oersetting fan ''1 Kroniken'' en ''2 Kroniken'' stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dy't yn [[1943]] útkaam.
 
===Ynhâld===
It boek ''1 Kroniken'' set útein mei de skiednis fan 'e Israeliten, begjinnend mei Adam, de earste minske. It ferhaal beweecht him foarút, suver folslein fia [[geneälogy]]ske opsommings, nei de fêstiging fan it Israelityske keningskip. Pas as er by kening [[David fan Israel|David]] oanbelânet, giet de skriuwer oer wat oars op 'e tekst as wa't waans soan wie. Fan dat punt ôf foarmet ''1 Kroniken'' in lykstrekich ferhaal mei ''[[1 en 2 Samuël]]'', en einiget mei David syn dea. ''2 Kroniken'' giet fierder mei [[Salomo fan Israel|Salomo]] en alle lettere keningen fan [[Israel (keninkryk)|Israel]] en [[Juda (keninkryk)|Juda]], en rint op dy manear lykop mei ''[[1 en 2 Keningen]]''. It binne grutdiels deselde ferhalen, mar justjes oars ferteld; it docht tinken oan 'e fjouwer [[kanonike evangeeljes]] út it kristlike [[Nije Testamint]], wêryn't op krekt sa'n parallelle wize oer [[Jezus Kristus]] ferhelle wurdt. ''2 Kroniken'' einiget mei de fal fan Jeruzalim en de ferwuostging fan Juda troch [[Nebûkadnêzar II]], de kening fan [[Nijbabyloanyske Ryk|Babyloanje]], dy't [[Sedekía fan Juda|Sedekía]], de lêste Judeeske kening, de eagen útstekke en yn ballingskip fuortfiere lit. Juda wurdt dêrnei in Babyloanyske provinsje, en in grut part fan 'e befolking wurdt deportearre nei [[Mesopotaamje]]. Yn in bysûnder koart stikje, suver in neiskrift, wurdt dan noch fernijd dat de Perzyske kening Koaresj de [[Joaden]] wer nei harren lân weromkeare lit.
 
===Fryske oersetting===
Yn [[1919]] joech dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] yn syn ''Ut 'e Heilige Dobbe'', û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan ''2 Kroniken'' 20:1-11 út. De earste folsleine útjefte fan 'e beide boeken stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dêr't dy yn [[1943]] de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol [[teolooch|teologen]] as [[taalkundige]]n beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan [[1966]] ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn [[1978]] útkaam as de [[Nije Fryske Bibeloersetting]] (mei stipe fan 'e provinsje [[Fryslân]], it ''[[Nederlands Bijbelgenootschap]]'' te [[Haarlim]] en de ''[[Katholieke Bijbelstichting]]'' te [[Bokstel]]). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan [[1995]]. De oersetting fan sawol ''1 Kroniken'' as ''2 Kroniken'' waard dêrby dien troch dû. [[Bernard Smilde]], dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch [[frisikus]] [[M.J. de Haan]].
 
Line 13 ⟶ 41:
* ''Bibel'' (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
* ''Bibel'' (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.
----
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Books_of_Chronicles ''Notes'' en ''Bibliography'', op dizze side].
}}
 
Line 19 ⟶ 49:
[[Kategory:Alde Testamint|Kroniken, 1 en 2]]
[[Kategory:Bibel|Kroniken, 1 en 2]]
[[Kategory:Joadendom|Kroniken, 1 en 2]]
[[Kategory:Kristendom|Kroniken, 1 en 2]]
[[Kategory:Joadske literatuer|Kroniken, 1 en 2]]
[[Kategory:Kristlike literatuer|Kroniken, 1 en 2]]