Haadmenu iepenje

Changes

ynfoboks, boarnen
{{Literatuer
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''Habakuk''
| oarspr. titel = חבקוק ("Ḥaḇakuk")
| auteur = [[Habakuk (profeet)|Habakuk]] (?)
| taal = [[Hebrieusk]]
| foarm = [[non-fiksje]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = 7e ieu f.Kr.
| 1e publikaasje =
| 1e opfiering =
| oarspr. útjouwer =
| rige = [[Alde Testamint]]
| foarich diel = ''[[Nahum (bibelboek)|Nahum]]''
| folgjend diel = ''[[Sefanja (bibelboek)|Sefanja]]''
| bondel = [[Bibel]]
| prizen =
| ISBN =
| Fryske titel = ''Habakuk''
| publikaasje = [[1943]], [[Haarlim]]
| útjouwer = [[Nederlands Bijbelgenootschap]]
| oersetter = [[G.A. Wumkes|G.A. Wumkes]] en [[E.B. Folkertsma|E.B. Folkertsma]]
| prizen oers. =
| ISBN oers. =
}}
'''''Habakuk''''', yn it oarspronklike [[Hebrieusk]]: '''חבקוק''', '''''Ḥaḇakuk''''', is in tekst út sawol de [[joadendom|joadske]] as de [[kristendom|kristlike]] [[Bibel]]. Yn 'e joadske ''[[Tenach]]'' makket it ûnderdiel út fan it boek תרי עשר, ''[[Lytse Profeten|Ṯrei Asar]]'', dat "De Tolve" betsjut (t.w. de tolve lytse profeten, dy't yn 'e joadske Bibel gearboske binne ta ien inkeld boek), it 13de fan 24, dat dan wer ûnder de ''Neḇi'im Aḥaronim'' (de "Lettere Profeten") falt. Yn it [[Alde Testamint]] fan 'e kristlike Bibel foarmet ''Habakuk'' in bibelboek op himsels, it 35ste fan 39 (neffens de [[Nije Fryske Bibeloersetting]] fan [[1978]]), dat yn 'e offisjeuze ûnderferdieling fan 'e bibelboeken ta de ''[[Lytse Profeten]]'' heart (dy't sa neamd wurde om't dy teksten frij koart binne yn ferhâlding ta de saneamde ''[[Grutte Profeten]]'').
 
It boek ''Habakuk'' omfettet de [[profesije]]n dy't taskreaun wurde oan 'e [[profeet]] [[Habakuk (profeet)|Habakuk]], oer wa't frijwol neat mei wissichheid te sizzen is, mei't er fierders inkeld yn it ferhaal ''[[Bel en de Draak]]'', in [[Taheakken op it Boek Daniël|taheakke]] op it boek ''[[Daniël]]'', neamd wurdt. Neffens de joadske tradysje is hy deselde as de soan fan 'e Sjûnnemityske frou, dy't yn ''[[2 Keningen]]'' 4:16 troch de profeet [[Eliza (profeet)|Eliza]] wer ta libben brocht wurdt. Mar op grûn fan 'e tekst fan it boek ''Habakuk'', dêr't de opkomst fan it [[Nijbabyloanyske Ryk]] yn beskreaun wurdt (''Hab.'' 1:6-11), kin fêststeld wurde dat de skriuwer dêrfan, oft dat no Habakuk wie of net, yn elts gefal folle letter libbe, yn 'e midden of de lêste helte fan 'e sânde ieu f.Kr. De âldst oerlevere ferzje fan it boek ''Habakuk'' heart ta de ''[[Deade-Seerôlen]]'' en wie dêr tafoege oan it [[apokryf|apokrife]] ''[[Kommentaar op Habakuk]]''. De earste folsleine [[Frysk]]e oersetting fan ''Habakuk'' stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dy't yn [[1943]] útkaam.
 
===Ynhâld===
It boek ''Habakuk'' bestiet út trije dielen dy't net alhiel gearfalle mei de trije haadstikken. It earste diel (''Hab.'' 1-2:6a) is in dialooch tusken de profeet en [[God]], wêrby't de profeet him beklaget oer de bedriging dy't it [[Nijbabyloanyske Ryk|Galdeeske Ryk]] foar de [[Joaden]] ynhâldt, wylst God antwurdet dat elk syn lean krije sil, dus de Galdeeërs ek. It twadde diel (''Hab.'' 2:6b-20) is in profesije fan it ûnheil dat oer it Galdeeske Ryk komme sil. En it trêde diel (''Hab.'' 3) is in [[Psalmen|psalm]] yn 'e foarm fan in lofliet op God, dat dêrop troch Habakuk útsprutsen wurdt.
 
It sintrale boadskip fan ''Habakuk'', "''de rjochtfeardige hâldt it libben troch syn trou''" (''Hab.'' 2:4) spilet in wichtige rol yn it kristlike gedachtguod. Dat idee komt werom yn it ''[[Brief oan de Romeinen]]'' (''Rom.'' 1:17), it ''[[Brief oan de Galatiërs]]'' (''Gal.'' 3:11) en it ''[[Brief oan de Hebreeërs]]'' (''Hebr.'' 10:38) as it begjinpunt fan it [[leauwe]].
 
===Fryske oersetting===
Yn [[1919]] joech dû. [[Geart Aeilco Wumkes]], yn syn ''Ut 'e Heilige Dobbe'', û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan ''Hab.'' 3:16b-19 út. De earste folsleine útjefte fan ''Habakuk'' stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dêr't dy yn [[1943]] de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol [[teolooch|teologen]] as [[taalkundige]]n beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan [[1966]] ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn [[1978]] útkaam as de [[Nije Fryske Bibeloersetting]] (mei stipe fan 'e provinsje [[Fryslân]], it ''[[Nederlands Bijbelgenootschap]]'' te [[Haarlim]] en de ''[[Katholieke Bijbelstichting]]'' te [[Bokstel]]). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan [[1995]]. De oersetting fan ''Habakuk'' waard dêrby dien troch dû. [[Bernard Smilde]], dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch [[frisikus]] [[M.J. de Haan]].
 
* ''Bibel'' (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
* ''Bibel'' (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.
----
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Book_of_Habakkuk ''Notes'', ''Citations'' en ''References'', op dizze side].
}}
 
[[Kategory:Alde Testamint]]
[[Kategory:Bibel]]
[[Kategory:Joadendom]]
[[Kategory:Kristendom]]
[[Kategory:Joadske literatuer]]
[[Kategory:Kristlike literatuer]]