Pasifisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nedige side (stobke)
 
red
Rigel 1:
[[File:Peace sign.svg|right|100px|thumb|It universele fredesteken.]]
'''Pasifisme''' is it wjerstân bieden oan [[oarloch]] en [[geweld]], mar oars as gewoane [[geweldleazens]] wurdt dizze term ornaris brûkt yn 'e betsjutting fan in [[polityk|politike]] oertsjûging op dat mêd. In besibbe term is ''[[ahimsa]]'' (letterlik: "gjin kwea dwaan"), dat ien fan 'e kearnwearden is fan it [[boedisme]], it [[hindoeïsme]] en it [[jaïnisme]].
 
De oantsjutting "pasifisme", dat ôflaat is fan it wurd "passyf", waard betocht troch de [[Frankryk|Frânske]] [[frede]]saktivist [[Émile Arnaud]] ([[1864]]-[[1921]]), en yn [[1901]] oernommen troch lykstimden op it tsiende Universele Fredeskongres yn [[Glasgow]]. Hoewol't de namme "pasifisme" dus noch net sa âld is, bestiet it begryp dat dermei beneamd wurdt al sûnt minskewitten. Oant en mei de jierren sechstich fan 'e [[tweintichste ieu]] waard it pasifisme troch de fêstige oarder yn 'e Westerske wrâld iroanysk genôch as in subversive en tige gefaarlike politike streaming beskôge, en in protte iere pasifisten moasten, fral yn tiden fan oarloch, harren opfettings bekeapje mei de ferachting fan harren lângenoaten en sels mei lange [[finzenis]]straffen.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Pacifism ''References'' en ''Further reading'', op dizze side].
}}
 
[[Kategory:Pasifisme| ]]