Ferskil tusken ferzjes fan "Tobit (bibelboek)"

ynfoboks, boarnen
L (Ieneach fan 'e Esk moved page Tobit to Tobit (bibelboek): mear Tobits)
(ynfoboks, boarnen)
{{Literatuer
[[File:William-Adolphe Bouguereau (1825-1905) - Tobias Saying Good-Bye to his Father (1860).png|right|thumb|250px|''Tobías Seit Syn Heit Farwol'', in skilderij fan [[William-Adolphe Bouguereau]] ([[1825]]-[[1905]]).]]
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''Tobit''
| oarspr. titel = טובי ("Ṭovi")
| auteur = anonimus
| taal = [[Hebrieusk]]
| foarm = [[novelle]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = [[2e ieu f. Kr.|2e ieu f.Kr.]]
| 1e publikaasje =
| 1e opfiering =
| oarspr. útjouwer =
| rige = [[Apokryf|Apokrife taheakken oan it]] [[Alde Testamint|A.T.]]
| foarich diel = ''[[Wysheid fan Salomo]]''
| folgjend diel = ''[[Jezus Sirach]]''
| bondel = [[Bibel]]
| prizen =
| ISBN =
| Fryske titel = ''Tobit''
| publikaasje = [[1978]], [[Haarlim]]/[[Bokstel]]
| útjouwer = [[Nederlands Bijbelgenootschap|NBG]] & [[Katholieke Bijbelstichting|KBS]]
| oersetter = pater [[S. Galama]] ofm
| prizen oers. =
| ISBN oers. = 9 06 12 60 817
}}
'''''Tobit''''', yn it [[Hebrieusk]]: '''טובי''', '''''Ṭovi''''' ([[Gryksk|helenisearre]] en [[Latyn|latinisearre]] ta ''Tobias''), is in deuterokanonyk of [[apokryf]] boek fan 'e [[Bibel]]. Gjin inkele streaming fan it [[joadendom]] erkent it as [[kanon]]yk, en it heart dus net ta de joadske ''[[Tenach]]''. Wat it [[kristendom]] oanbelanget, wurdt ''Tobit'' troch alle [[protestantisme|protestantske tsjerken]] as apokryf beskôge. Allinne de [[Anglikaanske Tsjerke]] lit it as regel ôfprintsje yn syn bibels, mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e bibels fan oare protestantske denominaasjes wurdt it soms (mar lang net altyd) ek wol werjûn as nuttige mar opsjonele taheakke oan it [[Alde Testamint]]. Dat is bgl. it gefal yn 'e [[Nije Fryske Bibeloersetting]] fan [[1978]], wêryn't it as trêde fan tolve apokrife bylagen tafoege is.
 
''Tobit'' is in [[novelle]] dy't it libben fan 'e fromme joad [[Tobit (bibelsk persoan)|Tobit]] beskriuwt. De tekst is inkeld oerlevere yn twa [[Aldgryksk]]e foarmen út ûnderskate ferzjes fan 'e ''[[Septuaginta]]'': in koarteren, dy't wol ''Gryksk I'' neamd wurdt, en dy't û.o. fûn wurde kin yn 'e ''[[Codex Vaticanus Graecus 1209|Codex Vaticanus]]'', de ''[[Codex Alexandrinus]]'' en de ''[[Codex Venetus]]'', en ''Gryksk II'', dy't 1700 wurden langer is, en dy't yn 'e ''[[Codex Sinaiticus]]'' stiet. Hoewol't it ferhaal spilet yn 'e achste ieu f.Kr., en de tradysje hawwe wol dat it ek yn dy tiid skreaun is, giet men der no fanút dat ''Tobit'' it wurk is fan in anonime [[auteur]] út 'e twadde ieu f.Kr., en dat de oarspronklike tekst yn it [[Arameesk]] steld wie. Yn [[1952]] waarden yn Grot IV te [[Qumran]], mank de [[Deade-Seerôlen]], fjouwer fragmintaryske ferzjes fan ''Tobit'' yn it Arameesk en ien yn it Hebrieusk fûn. Dy lykje benammen oerien te kommen mei de langere ''Gryksk II''-foarm. Fan [[1966]] ôf binne sadwaande de measte oersettings fan ''Tobit'' op dy langere ferzje basearre.
 
===Ynhâld===
''Tobit'' fertelt it ferhaal fan 'e fromme [[Israeliten|Israelyt]] Tobit, út 'e stamme [[Naftaly (stamme)|Naftaly]], dy't nei de deportaasje fan 'e noardlike [[stammen fan Israel|stammen]], troch [[Salmanassar]], yn 722 f.Kr., yn 'e [[Assyryske Ryk|Assyryske]] haadstêd [[Ninevé]] bedarret. It boek begjint as in [[autobiografy]]sk ferslach, en de earste trêdel haadstikken binne yn it [[ik-perspektyf]] [[fertelperspektyf|skreaun]]. Tobit seit dat er altiten besocht hat de geboaden fan [[God]] nei te kommen, dat doe't de Assyryske kening [[Sanherib]] lofts en rjochts [[Joaden]] deadie, begroef hy út religieuze omtinkens temûk de liken. Mar it kaam út en Sanherib naam him foar straf al syn besittings ôf en stjoerde him yn ballingskip mei syn frou Anna en syn soan [[Tobías (bibelsk persoan)|Tobías]]. Pas as [[Esarhaddon]] syn heit Sanherib as kening opfolget, mei Tobit weromkeare nei Ninevé. Deseldichste nachts noch begraaft er op 'e nij in fermoarde Joad. Hy sliept dêrnei bûtendoar om't er [[religieuze reinheid|ûnrein]] is, en rekket dan blyn as der him fûgelstront yn 'e eagen falt. Syn blinens makket syn libben dreech en smyt ek swierrichheden op yn syn houlik, dat úteinlik bidt er dat God him mar deagean litte mei. Underwilens is der omfierrens, yn 'e [[Medyske Ryk|Medyske]] haadstêd [[Ekbatana]], in jonge Joadske frou dy't fan Sara hjit en dy't út wanhope om itselde bidt. Se hat sân mannen ferlern oan 'e [[demon]] fan 'e lust, [[Asmodéus]], dy't eltse man dy't mei har troud op har houliksnacht ûntfierd en deadet, noch ear't it houlik konsumearre wurden is. Yn 'e [[himel]] heart God de beide gebedens en beslút yn te gripen troch syn [[aartsingel]] [[Rafael (aartsingel)|Rafael]] te stjoeren om regaad te meitsjen.
[[File:William-Adolphe Bouguereau (1825-1905) - Tobias Saying Good-Bye to his Father (1860).png|rightleft|thumb|250px200px|''Tobías Seit Syn Heit Farwol'', in skilderij fan [[William-Adolphe Bouguereau]] ([[1825]]-[[1905]]).]]
 
Tobit stjoert syn soan Tobías nei it fiere Meedje ta, dêr't er noch jild útstean hat by kunde fan him. Rafael docht him foar as in fier famyljelid en beselskippet Tobías op dy syn reis. Underweis wurdt Tobías, wylst er sit te poatsjebaaien yn 'e rivier de [[Tigris]], oanfallen troch in [[fisk]], dy't besiket syn foet op te fretten. Op oanwizing fan Rafael fangt Tobías de de fisk en ûntdocht it bist fan [[hert]], [[lever]] en [[galblaas]] om dêr medisinen fan te meitsjen. As se yn Meedje oankomme, fertelt Rafael Tobías oer de tsjeppe Sara, mei wa't Tobías it rjocht hat om te trouwen om't hja neef en nicht binne. Op oantrún fan 'e aartsingel trout Tobías mei Sara, en as de demon Asmodéus dy nachts op 'e lapen komt, ferbrânt Tobías de lever en it hert fan 'e fisk, sa't Rafael him sein hat dat er dwaan moat. De rook fan 'e brânende fiske-organen ferdriuwt de demon, dy't alhiel nei [[Boppe-Egypte]] ta flechtet, dêr't Rafael him oermânsk wurdt en bynt. Underwilens hie Sara har heit al temûk in grêf groeven foar de safolste brêgeman fan syn dochter, en hy is dan ek alhiel feralterearre as de oare moarns bliken docht dat Tobías noch libbet. De man lit it grêf temûk wer folgoaie en rjochtet in houliksfeest oan dat dûbel sa lang duorret as dat regel is. Mei't er sadwaande sels net fuort kin, stjoert Tobías Rafael om syn heite jild op te heljen.
Nei ôfrin fan it feest keare Tobías en Sara mei Rafael werom nei Ninevé. Dêr oarderet de aartsingel de jonge en brûk de galblaas fan 'e fisk om syn heite blinens te genêzen. As dat syn beslach krigen hat, fertelt Rafael einling en te'n lêsten wa't er echt is, ear't er werom giet nei de himel. Tobit sjongt dan in lofliet op God, en libbet neitiid noch oant er heech op jierren (158 jier) kommen is. Dan stjert er, en net folle letter stjert ek syn frou Anna. Nei't er harren begroeven hat, ferfart Tobías mei syn gesin nei Meedje, mei't syn heit him foar syn dea noch ret hie om net yn Ninevé te bliuwen oant Gods oardiel oer dy stêd komme sil.
 
===Fryske oersetting===
Yn 'e [[Nije Fryske Bibeloersetting]], dy't yn [[1978]] mei stipe fan 'e provinsje [[Fryslân]], it ''[[Nederlands Bijbelgenootschap]]'' te [[Haarlim]] en de ''[[Katholieke Bijbelstichting]]'' te [[Bokstel]] útjûn waard, is ''Tobit'' yndield ûnder de apokrife of deuterokanonike boeken, oan 'e ein fan it Alde Testamint. Dy oersetting fan ''Tobit'' waard makke troch pater dr. [[S. Galama]] ofm, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch [[frisikus]] [[M.J. de Haan]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* ''Bibel'' (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.
----
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Book_of_Tobit ''Notes'' en ''References'', op dizze side].
}}
 
[[Kategory:Alde Testamint]]
[[Kategory:Bibel]]
[[Kategory:JoadendomNovelle]]
[[Kategory:Kristendom]]
[[Kategory:Joadske literatuer]]
[[Kategory:Kristlike literatuer]]