Earste Brief fan Jehannes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
red
Rigel 20:
| ISBN =
| Fryske titel = ''Earste Brief fan Jehannes''
| publikaasje = [[19331913]], [[Haarlim]]yn ''Yn Us Eigen Tael''
| útjouwer = [[Nederlands Bijbelgenootschap]]
| oersetter = [[G.A.Eeltsje Wumkes|G.A. Wumkes]] en [[E.B.Boates Folkertsma|E.B. Folkertsma]]
| prizen oers. =
| ISBN oers. =
}}
It '''''Earste Brief fan Jehannes''''', yn it oarspronklike [[Gryksk]]: '''Α' Επιστολή του Ιωάννου''', '''''Alfa Epistoli tou Ioannou''''', ek wol koartwei '''''1 Jehannes''''' neamd, is it 23ste boek fan it [[Nije Testamint]] fan 'e [[kristendom|kristlike]] [[Bibel]]. It is de 18de fan 'e [[brieven yn it Nije Testamint|brieven]], en de fjirde fan 'e ''[[Algemiene Seinbrieven]]''. ''1 Jehannes'' wurdt tradysjoneel taskreaun oan 'e [[apostel]] [[Jehannes (apostel)|Jehannes]] (±[[6]]-±[[100]]), en de tekst komt kwa taaleigen en skriuwstyl sa bot oerien mei it ''[[Evangeelje fan Jehannes]]'' en de oare beide Jehanninyske brieven, dat de grutte mearderheid fan 'e saakkundigen it deroer iens is dat se fan 'e hân fan deselde [[skriuwer]] binne (de ''[[Iepenbiering fan Jehannes]]'' wykt folle mear ôf en oer it auteurskip dêrfan besteane dan ek mear twifels). Wêr't bibelwittenskippers en [[teolooch|teologen]] it lykwols net oer iens binne, is oft de [[evangelist]] [[Jehannes (evangelist)|Jehannes]], dy't dus dizze fjouwer geskriften skreaun hawwe moat, wol deselde wie as de apostel Jehannes. ''1 Jehannes'' wurdt yn 'e regel datearre om [[98]] of [[99]] hinne. De earste folsleine [[Frysk]]e oersetting fan ''1 Jehannes'' wie fan 'e hân fan [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dy't him yn [[1913]] publisearre yn it tydskrift ''[[Yn úsUs eigenEigen taelTael]]''.
 
==Ynhâld==
Rigel 35:
 
==Fryske oersetting==
[[Gerben Colmjon]] sette yn [[1863]] ''1 Jeh.'' 1:8-9 oer yn it [[Frysk]], dat útjûn waard as taheakke by dy syn ''Beknopte Friesche Spraakkunst''. Yn [[1913]] sette [[Eeltsje Boates Folkertsma]] alle trije brieven fan Jehannes yn har gehiel oer en publisearre se yn it tydskrift ''[[Yn úsUs eigenEigen taelTael]]''. Dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] joech yn [[1919]] yn syn ''Ut 'e Heilige Dobbe'' û.m. oersettingsfragminten fan ''1 Jeh.'' 1:8-10 en 2:1-6 út.
 
De oersetting fan Folkertsma kaam neitiid yn it Nije Testamint fan Wumkes en Folkertsma te stean, dat yn [[1933]] útkaam en dat fan [[1943]] ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting. Om't sawol [[teolooch|teologen]] as [[taalkundige]]n beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan [[1966]] ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn [[1978]] útkaam as de [[Nije Fryske Bibeloersetting]] (mei stipe fan 'e provinsje [[Fryslân]], it ''[[Nederlands Bijbelgenootschap]]'' te [[Haarlim]] en de ''[[Katholieke Bijbelstichting]]'' te [[Bokstel]]). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan [[1995]]. De oersetting fan ''1 Jehannes'' waard dêrby dien troch drs. [[H.J. Brouwer]], dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. [[Jelle Hendriks Brouwer]].