Kening: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
'''Kening''' is nei [[keizer]] de heechste [[Foarst (hearsker)|foarst]]like [[adel|titel]], en mei dizze titel wurdt it (manlik) steatshaad fan in [[monargy|keninkryk]] oantsjutten. It froulike ekwivalint wurdt ''[[keninginne (titel)|keninginne]]'' neamd.
 
Histoarisk waard by guon [[stam (antropology)|stammen]] en [[folk]]en de titel fan ''kening'' jûn oan de heechste gesachsdrager. Oarspronklik waard de kening fakentiids keazen, mar geandewei waard de titel erflik. Faak wurdt in keninkryk oantsjutten as [[monargy]]. Al is in keninkryk in monargy, net elke monargy hat in kening of keninginne as steatshaad: yn [[Monako (lân)|Monako]] en [[Lychtenstein]] wurdt de funksje fan steatshaad waarnommen troch in [[foarst (hearsker)|foarst]] en yn [[Gruthartochdom Lúksemboarch|Gruthartochdom Lúksemboarch]] troch in [[gruthartoch]].
 
Yn oarsprong droegen de keningen as [[Kroan (heraldyk)|kroan]] op harren [[Helm (kopdeksel)|helmen]] in gouden bân dy't fan boppen mei blêdfoarmige opstandings fersierd wie. De Nederlânske [[Keningskroan]] waard yn [[1816]] fêststeld by Keninklik Beslút of kabinetsoarder (24.6.1816 nr. 77).