Albert Hahn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
letter mear
wurk
Rigel 6:
Albert Hahn wie in besiele [[sosjalisme|sosjalist]] en antymilitarist. Dy kombinaasje makke him ta in polityk tekener oer wa't in bulte Nederlanners wol in miening hie. Bestjoerders ergeren harren bot oan syn printen, mar foar [[arbeider]]s en lêzers fan de sosjalistyske krante ''[[Het Volk (Nederland)|Het Volk]]'' wie er de man. Hy fjochte tsjin ûnrjocht en ûnderdrukking mei de politike print as wapen. Albert Hahn hat yn syn relatyf koarte libben in soar fan dy politike tekeningen makke. In tal dêrfan binne noch geregeldwei te finen yn skiednisboeken, lykas dy oer de [[spoarstakingen fan 1903]] en dy fan [[Abraham Kuyper]].
 
== Jonkheid ==
Albert Hahn wie de âldste fan twa bruorren en twa susters. Heit Gerardus Henderikus Hahn wie glêsskilder, listemakker en dekorateur fan úthingboerden. De húshâlding hie jildkrapte. Albert krige mei njoggen jier [[tuberkul0aze]], sadwaande koe er de [[legere skoalle]] net dien meitsje.
 
Hahn syn heit moast neat hawwe fan boargerlikens en fan tsjerke. Mem, Johanna Christina Rentjes, wie [[dopers]]. Syn bruorren Gerard en Piet, giene ek by de arbeidersbeweging. Syn susters Aleida en Margot waarden ek lid fan de Doperske Gemeente toegetreden.
 
Mei tolve jier gie Albert by syn heit yn de lear en in pear jier letter waard er talitten op de [[Akademy Minerva]] yn Grins. [[Cornelis Jetses]] studearre dêr ek yn dy snuorje. Om reden fan sykte moast er dy oplieding ûnderbrekke oant er mei santjin jier werom kaam op de akademy. Yn febrewaris 1898 wie der in útstalling fan it wurk fan [[Vincent van Gogh]] yn Grins. Yn [[De Socialistische Gids]] skreau er letter hoe't him yn'e besnijing hân hie. Dat Hahn talint hie die bliken doe't er yn 1895 en 1896 ûnderskieden waard mei trije sulveren medaljes foar hân- en neakentekenjen en dekoraasje. Ein 1896 gie Albert Hahn fierder mei syn oplieding oan de [[Ryksskoalle foar Keunstnijverheid Amsterdam]]. Fan 1898 oant 1901 folge er ek jûnslessen oan de [[Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten]] by prof. [[August Allebé]].
 
<gallery widths=200 heights=250>