Western (sjenre): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Literatuer: korreksje
→‎Literatuer: tikflater
Rigel 22:
 
[[File:Zane Grey.jpg|thumb|right|200px|[[Zane Grey]], de grûnlizzer fan 'e literêre western.]]
Yn 'e Feriene Steaten ûntjoech de western him ûnderwilens ta echte literatuer mei de útjefte, yn [[1902]], fan [[Owen Wister]] syn roman ''The Virginian''. As grûnlizzer fan 'e literêre western wurdt lykwols [[Zane Grey]] beskôge, dy't yn [[1912]] syn ferneamde ''[[Riders of the Purple Sage]]'' publisearre. Letter folgen dêr noch tsientallen oare romans op, lykas ''Knights of the Range'', ''Code of the West'' en it masterlike ''[[Desert Gold]]''. Grey waard neifolge troch oare bekende westernauteurs, lykas [[Walter Noble Burns]], dy't yn [[1927]] mei syn roman ''Tombstone'' de reputaasje fan [[Wyatt Earp]] makke. [[Max Brand]] is in oare grutte namme út 'e westernliteratuer, mei titels as ''Striking Eagle'', ''Blood on the Trail'', ''The Seventh Man'', ''Danger Trail'' en ''The Long Chase''. Brand blonk fierders ek út yn it skriuwen fan [[koart ferhaal|koarte ferhalen]] fan it westernsjenre, dy't er publisearre yn 'e withoefolle westerntydskriften dy't yn 'e tweintiger jierren ûntstiene, lykas ''Western Story Magazine'', ''Star Western'', ''Ranch Romances'', ''Cowboy Stories'' en ''West''. [[Clarence LE. Mulford]] skreau ek koarte ferhalen, mar dan allegear oer deselde held, Hopalong Cassidy; de earste út dy rige ferskynde al yn [[1904]].
 
Yn 'e fjirtiger jierren ferskynden der ferskate wichtige westernromans, lykas ''The Ox-Bow Incident'', fan [[Walter van Tilburg Clark]], ''The Big Sky'' en ''The Way West'', fan [[A.B. Guthrie]] en ''Shane'', fan [[Jack Schaefer]]. Teffens ferskynden der ein fjirtiger en begjin fyftiger jierren ferskate westernromans fan 'e [[Fryslân|Frysk]]-[[Feriene Steaten|Amerikaanske]] auteur [[Frederick Feikema Manfred]], hoewol't dy bekender wurden is om syn streekromans oer it boerelibben op 'e noardlike [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] oan it begjin fan 'e [[tweintichste ieu]]. Under de skriuwers dy't yn 'e fyftiger jierren populêr waarden, wiene [[Luke Short]], [[Ray Hogan]] en [[Louis L'Amour]]. Yn 'e twadde helte fan 'e jierren fyftich en yn 'e jierren sechstich sette [[Bradford Scott]] útein mei syn rige oer de ''[[Texas Rangers|Texas Ranger]]'' Walt Slade, mei titels as ''Trigger Talk'', ''The Ghost Trail'', ''Outlaw Gold'' en ''Gun Justice''. De westernliteratuer berikte syn hichtepunt om [[1963]] hinne, wat benammentlik feroarsake liket te wêzen trochdat it publyk op it sjenre útsjoen rekke fanwegen de oerfloed fan westernfilms en -tillevyzjesearjes dy't der doedestiden makke waard. Dat hie ek in negatyf effekt op 'e ferkeapsifers fan westernliteratuer, en sa rekke it hiele sjenre stadichoan yn it neigean.