Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
ynfoboks
Rigel 1:
{{Literatuer
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip''
| oarspr. titel =
| auteur = anonimus
| taal = [[Aldgryksk]]
| foarm = [[non-fiksje]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = [[70]] – [[132]] n.Kr.
}}
De '''''Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip''''' is in algemien as [[apokryf]] beskôge [[religy|religieuze]] tekst, besibbe oan it [[Alde Testamint]] fan 'e [[Bibel]]. It is in [[pseudepigraaf|pseudepigrafysk]] geskrift ûnder de namme fan 'e âldtestamintyske [[profeet]] [[Jeremia (profeet)|Jeremia]], dat sadwaande ek wol it '''''Geheime Boek fan Jeremia''''' neamd wurdt (al wurdt dy namme ek wol brûkt om guon fragminten fan in oare tekst oan te tsjutten dy't te [[Qumran]] mank de [[Deade-Seerôlen]] fûn binne). De ''Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip'' is oerlevere yn manuskripten yn it [[Koptysk]], it [[Arabysk]] en it ''[[Garshuni]]'' (Arabysk skreaun yn it [[Arameesk alfabet|Arameeske alfabet]]), al wie it orizjineel nei alle gedachten yn it [[Gryksk]]. Saakkundigen binne fan betinken dat it datearre wurde moat tusken [[70]] en [[132]], en dat de anonime wiere [[skriuwer]] foar 't neist fan [[Joaden|Joad]] wie. Neitiid moat it nochris bewurke wêze troch in [[kristendom|kristlike]] redakteur, sadat de úteinlike foarm wol wat wei hat fan ''[[4 Barûch]]'', in oare apokrife tekst.
 
===Ynhâld===
Yn 'e ''Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip'', dy't swier op it bibelboek ''[[Jeremia]]'' stipet, kriget de profeet Jeremia fan [[God]] de opdracht om te profetearjen fan syn oansteande fûnis oer it keninkryk [[Juda (keninkryk)|Juda]], om't de Judeeërs har ta oare goaden rjochte hawwe. Jeremia lêst dêrop kening [[Sedekía fan Juda|Sedekía]] it leksum (haadstik 1-4), mar wurdt nei in konfrontaasje mei de falske profeet [[Chananja (profeet)|Chananja]] yn it [[tichthûs (finzenis)|tichthûs]] smiten (h. 5). De [[Etioopje|Etiopyske]] paleis[[eunúch]] [[Ebed-Mêlek]] (neamd yn ''Jeremia'' 38:7-13) wit him wer frij te krijen (h. 6), mar Jeremia wurdt fannijs troch God opdroegen om 'e kening it mannewaar op te sizzen, en bedarret wer yn it tichthûs (h. 7-11). Ebed-Mêlek komt op 'e nij te help en rêdt Jeremia foar de twadde kear út 'e finzenis (h. 12), mar de kening en it folk fan Juda bliuwe by har sûndich libben, dat God sprekt it fûnis oer har út (h. 12-15).