Himelfeart fan Jesaja: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tf
ynfoboks, boarnen
Rigel 1:
{{Literatuer
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''Himelfeart fan Jesaja''
| oarspr. titel =
| auteur = anonimus
| taal = [[Aldgryksk]]
| foarm = [[non-fiksje]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = ein [[1e ieu]] – 2e helte [[2e ieu]]
}}
De '''''Himelfeart fan Jesaja''''' is in [[religy|religieus]] geskrift, besibbe oan it [[Alde Testamint]] fan 'e [[Bibel]], dat no algemien as [[apokryf]] beskôge wurdt, al makket it al sûnt minskewitten diel út fan 'e Etiopysk-otterdokse tradysje, en besteane der oanwizings dat it oarspronklik ta de [[kanon]] fan 'e [[Etiopysk-Otterdokse Tsjerke]] rekkene waard. De tekst is in [[pseudepigraaf]] ûnder de namme fan 'e âldtestamintyske [[profeet]] [[Jesaja (profeet)|Jesaja]]. Der bestiet ûnder bibelwittenskippers en [[teolooch|teologen]] ûnienichheid oangeande de datearring: rûzings dêrfan rinne útinoar fan 'e ein fan 'e [[earste ieu]] oant de twadde helte fan 'e [[twadde ieu]]. Ek is men der noch net oer út oft it no in folslein [[kristendom|kristlik]] geskrift is, of dat it earste diel, it ''Martelderskip fan Jesaja'', in fan oarsprong [[joadendom|joadske]] tekst is dy't letter in kristlike redigearring ûndergien hat. De earste teory hat mear oanhingers.
 
===Oerlevering===
De ''Himelfeart fan Jesaja'' is yn syn gehiel oerlevere yn trije hânskriften út 'e perioade fan 'e [[fyftjinde ieu|fyftjinde]] oant de [[achttjinde ieu]] yn it [[Ge'ez]], de [[deade taal|deade]] [[tsjerketaal]] fan [[Etioopje]]. Fan [[Gryksk]]e, [[Koptysk]]e, [[Latyn]]ske en [[Aldtsjerkeslavysk]]e ferzjes binne inkeld fragminten bewarre bleaun. De tekst falt útinoar yn trije dielen: it ''Martelderskip fan Jesaja'', it ''Testamint fan Hizkía'' en it ''Fizioen fan Jesaja''. Yn 'e regel giet men derfan út dat alletrije oarspronklik yn it Gryksk skreaun wiene, hoewol't it mooglik is dat it ''Martelderskip fan Jesaja'' basearre is op in [[Hebrieusk]]- of [[Arameesk]]talich orizjineel. De tsjintwurdich algemien brûkte titel de "Himelfeart fan Jesaja" is in letterlike oersetting fan 'e namme wêrmei't yn 'e Etiopyske tradysje nei de tekst ferwiisd wurdt: ኤርጋታ ዒሳዬያስ, ''’Ērgātā ‘Īsāyēyās''. Yn 'e [[Aldheid]] neamden [[Epifanius fan Salamis|Epifanius]] en [[Hieronymus fan Stridon|Hieronymus]] it yn it Gryksk (Τὸ Αναβατικὸν Ἡσαΐου, ''To Anabatikon Isaiou''), resp. Latyn (''Ascensio Isaiæ'') krekt sa.
 
===Ynhâld===
De earste fiif haadstikken (''H.f.J.'' 1-3:12 en 4:23-5) fan 'e ''Himelfeart fan Jesaja'' foarmje it ''Martelderskip fan Jesaja''. Dat is basearre op 'e bibelpassaazje ''[[2 Keningen]]'' 21:1-18, en ferhellet hoe't de profeet Jesaja de stjerrende [[Juda (keninkryk)|Judeeske]] kening [[Hizkía fan Juda|Hizkía]] warskôget dat syn erfgenamt, [[Manasse fan Juda|Manasse]], him net oan it ferbûn mei God hâlde sil. As Manasse nei syn heite dea kening wurdt en Jesaja syn wurden útkomme, tsjocht Jesaja mei in espeltsje oare profeten de woastyn yn. Oan it hof set dan de [[demon]] [[Beliar]] de falske profeet Belkira oan om Jesaja fan ferrie te beskuldigjen, en fan gefolgen wurdt Jesaja ta de dea feroardiele. Hy ferskûlet him yn in beam, mar wurdt dochs fûn, en Belkira liedt syn terjochtstelling, wêrby't de profeet libben midstwa seage wurdt.
 
Line 11 ⟶ 23:
It twadde diel fan 'e ''Himelfeart fan Jesaja'' stiet bekend as it ''Fizioen fan Jesaja'' (''H.fJ.'' 6-11). Dat beskriuwt in troch [[ingel]]s begelate reis nei de sân [[himel]]s dy't Jesaja makke foarôfgeande oan 'e foarfallen yn it ''Martelderskip fan Jesaja''. Yn 'e oerlevere foarm is dit boekdiel sûnder mis skreaun fan in kristlik eachpunt út, mei't benammen omtinken jûn wurdt oan 'e krúsdea, weropstanning en yn it bysûnder de himelfeart fan Jezus. Nijsgjirrich is fierders dat berte fan Jezus yn dizze tekst foarôfgien wurdt troch de delkomst fan Jezus nei de ierde, wêrby't er yn elts fan 'e sân himels it foarkommen fan it soarte ingel oannimt dat dêr libbet.
 
===Eftergrûn===
Eleminten út 'e ''Himelfeart fan Jesaja'' komme ek foar yn oare joadske en kristlike geskriften. Dat Jesaja terjochtsteld wêze soe troch midstwa seage te wurden, stiet ek yn sawol de ''[[Babyloanyske Talmoed]]'' as de ''[[Jeruzalimske Talmoed]]''. Teffens wurdt dernei ferwiisd yn it [[Nije Testamint|nijtestamintysk]] ''[[Brief oan de Hebreeërs]]'', dêr't de skriuwer oangeande de joadske profeten seit: ''"Se binne stiennige, midstwa seage, deade mei it swurd."'' (''Hebr.'' 11:37a). Fierdersoan makket de demon Beliar syn opwachting yn frijwat apokrife teksten, lykas ''[[Jubileeën]]'', ''[[Henoch (boek)|Henoch]]'' en de ''[[Testaminten fan de Tolve Aartsfaars]]''. En Jesaja syn reis troch de sân himels giet lykop mei [[Henoch (bibelsk persoan)|Henoch]] sines yn it boek ''[[2 Henoch]]''.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Ascension_of_Isaiah ''References'' en ''Notes'', op dizze side].
}}
 
{{Berjocht:Apokryf}}