Ezra (Latyn): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
ynfoboks, boarnen
Rigel 1:
{{Literatuer
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''Latynske Iepenbiering fan Ezra''
| oarspr. titel =
| auteur = anonimus
| taal = [[Hebrieusk]]
| foarm = [[non-fiksje]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = [[90]] – [[96]] n.Kr. (?)
}}
'''''Ezra (Latyn)''''' is in [[joadendom|joadsk]] [[religy|religieus]] geskrift, besibbe oan it [[Alde Testamint]] fan 'e [[Bibel]], dat troch alle joadske streamings en it grutste part fan it [[kristendom]] as [[apokryf]] beskôge wurdt. Dizze tekst is in [[pseudepigraaf]] ûnder de namme fan 'e bibelske preester [[Ezra (preester)|Ezra]], en is skreaun om 'e [[Joaden]] te treasten yn in tiid fan grut fertriet (foar 't neist de ferwuostging fan 'e [[Timpel fan Jeruzalim]] troch de [[Romeinske Ryk|Romeinen]] yn it jier [[70]]). Hoewol't ''Ezra (Latyn)'' yn syn folsleinens, sa't de titel al oanjout, inkeld yn it [[Latyn]] oerlevere is, en dy Latynske ferzje nei alle gedachten in oersetting út it [[Gryksk]] wie, is men fan tinken dat de tekst oarspronklik yn it [[Hebrieusk]] skreaun wêze moat. It grutste part fan ''Ezra (Latyn)'' (de haadstikken 3-14) is ek oerlevere yn (hieltyd justjes faninoar ôfwikende) fertalings yn [[Syrysk]], [[Arabysk]], [[Ge'ez]] (de [[deade taal|deade]] [[tsjerketaal]] fan [[Etioopje]]), [[Georgysk]] en [[Armeensk]]. De oarsprong is ûnmooglik noch werom te finen troch twa of mear lagen fan oersetting hinne, mar it liket derop dat oer it grutste part (h. 3-14) yn elts gefal mear as ien [[skriuwer]] gear west hat. ''Ezra (Latyn)'' wurdt yn 'e regel datearre oan 'e ein fan 'e [[earste ieu]], mooglik yn 'e snuorje [[90]]-[[96]], al miene guon saakkundigen dat it fan folle letter datum is, miskien sels wol út [[218]].
 
Line 23 ⟶ 35:
===Haadstik 15-16 (''6 Ezra'')===
Dizze lêste haadstikken binne, krekt as de earste beide, allinnich mar oerlevere yn it Latyn. Kwa ynhâld giet it hjir om foarsizzings fan oarloggen en it beskrobjen fan sûnders. Mooglik is dit in kristlike tafoeging út 'e trêde ieu. It hat fierders wol kâns, al is dat net mei wissichheid te sizzen, dat dizze haadstikken tagelyk tafoege binne mei haadstik 1-2. It is lykwols ek mooglik dat se fan joadske oarsprong binne, mei't ien fragmint, h. 15:57-59, ek yn it Gryksk fûn is, en de measte taalwittenskippers binne it deroer iens dat it dêrby om in oersetting út it Hebrieusk giet.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/2_Esdras ''Notes'', op dizze side].
}}
 
{{Berjocht:Apokryf}}
Line 29 ⟶ 45:
[[Kategory:Alde Testamint]]
[[Kategory:Deuterokanonike of apokrife boeken]]
[[Kategory:Joadendom]]
[[Kategory:Kristendom]]
[[Kategory:Joadske literatuer]]
[[Kategory:Kristlike literatuer]]