Iepenbiering fan Sedrach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
ynfoboks, boarnen
Rigel 1:
{{Literatuer
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''Iepenbiering fan Sedrach''
| oarspr. titel =
| auteur = anonimus
| taal = [[Aldgryksk]]
| foarm = [[non-fiksje]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = begjin jiertelling
}}
De '''''Iepenbiering fan Sedrach''''' is in algemien as [[apokryf]] beskôge [[religy|religieus]] geskrift, besibbe oan it [[Alde Testamint]] fan 'e [[Bibel]]. Yn it oarspronklike [[Gryksk]] wurdt de namme yn 'e titel jûn as ''Sedrach'', wat foar 't neist in [[Gryksk|hellenisearring]] fan 'e [[Hebrieusk]]e foarm ''Šadrach'' ([[Frysk]]: Sadrak), de namme dy't neffens it bibelboek ''[[Daniël]]'' (om persiis te wêzen ''Dan.'' 1:7) troch de hofmaster fan 'e [[Nijbabyloanyske Ryk|Babyloanyske]] kening [[Nebûkadnêzar II]] jûn waard oan 'e [[Joaden|Joadske]] jongfeint [[Chananja, Misjael en Azarja|Chananja]], ien fan 'e trije selskipslju fan 'e [[profeet]] [[Daniël (bibelsk persoan)|Daniël]]. In oare mooglikheid is dat it in ferbastering is fan ''Esdras'', de Grykske foarm fan 'e namme fan 'e Joadske preester [[Ezra (preester)|Ezra]]. Guon saakkundigen wize yn dit ferbân op 'e oerienkomsten tusken de ''Iepenbiering fan Sedrach'' en oare apokrife teksten dy't tradysjoneel oan Ezra taskreaun waarden, lykas de ''[[Grykske Iepenbiering fan Ezra]]''.
 
===Ynhâld===
Hoe dan ek, de ''Iepenbiering fan Sedrach'', wêrfan't noch ûndúdlik is wannear't er datearre wurde moat, ferhellet hoe't Sedrach in fizioen fan 'e himel skonken wurdt. Der wurdt earst beskreaun hoe't immen dy't fan [[God]] stjoerd is, him dêrhinne bringt; en dat is nimmen oars as [[Jezus Kristus]]. Hoewol't de tekst troch dit en oare eleminten in [[kristendom|kristlik]] ferniske jûn is, liket it oarspronklik in [[joadendom|joadsk]] geskrift west te hawwen, dat pas letter troch in kristlike redakteur bewurke is. De namme fan Jezus liket hjir dan ek gewoan yn it plak skreaun te wêzen fan dy fan ien fan 'e [[aartsingel]]s.
 
Oars as yn oare joadske iepenbieringsteksten komme yn 'e ''Iepenbiering fan Sedrach'' ferskate [[etyk|etyske]] kwestjes op 't aljemint, yn it bysûnder boetedwaning en de genede fan God. En hoewol't dit sjenre gauris in bittere toan hat, wurdt God hjir omskreaun as geduldich en der begearich nei om 'e minsken te helpen de goede kar te meitsjen, en om harren hiderkear wer nei berou ferjouwing te skinken foar harren misstappen, wylst frije wil hjir in geskink út goedens is ynstee fan in gemiene streek.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch [http://en.wikipedia.org/wiki/Apocalypse_of_Sedrach dizze side].
}}
 
{{Berjocht:Apokryf}}
Line 11 ⟶ 27:
[[Kategory:Alde Testamint]]
[[Kategory:Deuterokanonike of apokrife boeken]]
[[Kategory:Joadendom]]
[[Kategory:Kristendom]]
[[Kategory:Joadske literatuer]]
[[Kategory:Kristlike literatuer]]