Fragen fan Ezra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
ynfoboks, boarnen
Rigel 1:
{{Literatuer
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''Fragen fan Ezra''
| oarspr. titel =
| auteur = anonimus
| taal = ûnbekend
| foarm = [[non-fiksje]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = ûnbekend
}}
De '''''Fragen fan Ezra''''' is in koarte [[kristendom|kristlike]] [[religy|religieuze]] tekst, besibbe oan it [[Alde Testamint]] fan 'e [[Bibel]], dy't no algemien as [[apokryf]] beskôge wurdt. It is in [[pseudepigraaf]] ûnder de namme fan 'e bibelske preester [[Ezra (preester)|Ezra]], mar is eins fan folle letter datum, en kin ta foarbyld tsjinje oangeande hoe't kristlike [[skriuwer]]s op 'e apokalyptyske literatuer fan it [[joadendom]] fuortborduere hawwe. De âldste oerlevere ferzje is in [[Armeensk]]talich manuskript út [[1208]]. Fanwegen de beheindens fan 'e tekst is it ûnmooglik om 'e taal fan it orizjineel of de oarsprong derfan te bepalen, en in betroubere datearring kin likemin makke wurde. Bûten de [[Armeensk-Otterdokse Tsjerke]] hat dit geskrift gjin ynfloed hân.
 
De ''Fragen fan Ezra'' liket besibbe te wêzen mei de krektlyk apokrife teksten ''[[Ezra (Latyn)]]'' en de ''[[Grykske Iepenbiering fan Ezra]]''. It is skreaun yn 'e foarm fan in dialooch tusken Ezra en in [[ingel]] fan [[God]] oer it lot fan 'e minsklike siel nei de dea. It geskrift jout û.m. in beskriuwing fan 'e troan fan God, omjûn troch in legermacht oan ingels, al is dêrby sterk de klam lein op 'e ûnmooglikheid fan it sjen fan Gods antlit. Teffens wurdt yn 'e ''Fragen fan Ezra'' neamd dat it foar de libbenen mooglik is om troch [[gebed]] de sielen fan 'e ferstoarnen út 'e hannen fan 'e [[duvel]] te rêden.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Questions_of_Ezra ''Notes'', op dizze side].
}}
 
{{Berjocht:Apokryf}}
Line 8 ⟶ 24:
[[Kategory:Alde Testamint]]
[[Kategory:Deuterokanonike of apokrife boeken]]
[[Kategory:Kristendom]]
[[Kategory:Kristlike literatuer]]