Midrash: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
ynfoboks, boarnen
Rigel 1:
{{Literatuer
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''Midrash''
| oarspr. titel = מדרש ("Midraš")
| auteur = ferskaat
| taal = [[Hebrieusk]]
| foarm = [[non-fiksje]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = [[2e ieu f. Kr.|2e ieu f.Kr.]] – no
}}
De '''''Midrash''''', yn it [[Hebrieusk]]: '''מדרש''', '''''Midraš''''', is de namme fan in samling preken fan [[joadendom|joadske]] wizen út it iere rabbynske tiidrek (likernôch de twadde ieu f.Kr. oant de twadde ieu n.Kr.), dêr't passaazjes út 'e ''[[Tenach]]'', de joadske [[Bibel]] yn útlein wurde. Mei de ''Midrash'' wurde lykwols net inkeld bibelferhalen ferklearre en ynterpretearre yn it ramt fan [[godstsjinst|religieuze]], wetlike of morele geboaden, mar teffens wurdt dermei besocht om gatten en leechtes yn en tusken de bibelske fertellings op te foljen. Yn dat opsjoch is de ''Midrash'' dus mear in oanfolling op 'e Bibel as fan in ienfâldich besprek derfan.
 
De ''Midrash'' is oarspronklik ûntstien mei as doel om swierrichheden op it mêd fan 'e ynterpretaasje fan drege bibelpassaazjes op te lossen troch gebrûk fan 'e rabbynske prinsipes fan bibelferklearring en [[filology]], om se sa op ien line te bringen mei de religieuze en [[etyk|etyske]] wearden dy't útdroegen waarden troch de joadske skriftlearden. Dy metoade waard meitiid útwreide om 'e [[oerlevering|mûnlinge oerlevering]] fan it joadske [[leauwe]] fan bibelske grûnslach te foarsjen. Hoewol't de ''Midrash'' bûten it joadendom ornaris as ien inkelde samling beskôge wurdt, meitsje de joaden sels ûnderskie tusken ferskillende ''midrashim'', dy't mei-inoar dé ''Midrash'' foarmje.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Midrash ''References'', op dizze side].
}}
 
[[Kategory:Bibel]]
[[Kategory:Joadendom]]
[[Kategory:Joadske literatuer]]