Evangeelje fan Jakobus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
ynfoboks, boarnen
Rigel 1:
{{Literatuer
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''Evangeelje fan Jakobus''
| oarspr. titel =
| auteur = anonimus
| taal = [[Aldgryksk]]
| foarm = [[non-fiksje]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = ±[[145]] n.Kr.
}}
It '''''Evangeelje fan Jakobus''''', ek wol bekend as it '''''Berne-evangeelje fan Jakobus''''' of it '''''Proto-evangeelje fan Jakobus''''', is in algemien as [[apokryf]] beskôge [[kristendom|kristlike]] [[religy|religieuze]] tekst, besibbe oan it [[Nije Testamint]] fan 'e [[Bibel]]. Dit geskrift wurdt yn 'e regel om it jier [[145]] hinne datearre, en is in [[pseudepigraaf]] ûnder de namme fan [[Jakobus (broer fan Jezus)|Jakobus]], de healbroer fan Jezus, dy't neffens dizze tekst in foarsoan fan [[Joazef (man fan Marije)|Joazef]] wie. It is oerlevere yn net minder as 130 [[Gryksk]]e manuskripten en teffens besteane der hânskriften yn it [[Syrysk]], it [[Ge'ez]] (de [[deade taal|deade]] [[tsjerketaal]] fan [[Etioopje]]), it [[Koptysk]], it [[Georgysk]], it [[Armeensk]], it [[Aldtsjerkeslavysk]], it [[Arabysk]], it [[Iersk]] en it [[Latyn]] (hoewol't de Latynske ferzjes allegear út 'e [[Midsieuwen]] of letter stamje). De manuskripten út 'e [[Aldheid]] hawwe yn 'e regel titels dy't in fariaasje binne op it tema ''De Berte fan Marije''.
 
It ''Evangeelje fan Jakobus'' is in saneamd [[berne-evangeelje]], dat op grûn fan 'e ferhalen oer de bernetiid fan [[Jezus|Jezus fan Nazaret]] yn 'e [[kanonike evangeeljes]] fan ''[[Evangeelje fan Mattéus|Mattéus]]'' en ''[[Evangeelje fan Lukas|Lukas]]'' fierder útwreidet oer syn jonkheid, en dêrby yn dit gefal ek yngiet op 'e berte en it opgroeien fan Jezus syn mem [[Faam Marije|Marije]]. It is de âldste boarne wêryn't beweard wurdt dat Marije foar, ûnder en nei de berte fan Jezus faam wie en bleau. De tekst bestiet út trije gelikense dielen dy't elkmis acht haadstikken beslane. It earste diel ferhellet fan 'e berte fan Marije en har jonkheid; it twadde diel set útein as hja tolve jier is, en fertelt hoe't troch de tuskenkomst fan in [[ingel]] fan [[God]] Joazef oanwiisd wurdt as har man; en it trêde diel giet yn op 'e berte fan Jezus en it ferbergjen fan 'e lytse poppe foar [[Heroades de Grutte]], dy't him deadwaan wol fanwegen de foarsizzing dat er "kening fan 'e Joaden" wurde sil.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Gospel_of_James ''References'', op dizze side].
}}
 
{{Apokryf}}
Line 9 ⟶ 25:
[[Kategory:Nije Testamint]]
[[Kategory:Deuterokanonike of apokrife boeken]]
[[Kategory:Kristendom]]
[[Kategory:Kristlike literatuer]]