Ferskil tusken ferzjes fan "Strange Brief"

ynfoboks, boarnen
L (+ berjocht)
(ynfoboks, boarnen)
{{Literatuer
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''Strange Brief''
| oarspr. titel =
| auteur = [[Paulus (apostel)|Paulus]]
| taal = [[Aldgryksk]]
| foarm = [[non-fiksje]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = [[1e ieu]] n.Kr. (ferlern gien)
}}
It saneamde '''''Strange Brief''''', ek wol it '''''Brief fan de Triennen''''' neamd, wie in brief fan 'e [[apostel]] [[Paulus]] oan 'e ier [[kristendom|kristlike]] gemeente yn it [[Grikelân|Grykske]] [[Korinte]], njonken de beide soartgelikense brieven (it ''[[Earste Brief oan de Korintiërs]]'' en it ''[[Twadde Brief oan de Korintiërs]]'') dy't ûnderdiel útmeitsje fan it [[Nije Testamint]] fan 'e [[Bibel]]. It wurdt dêrom ek wolris it ''Tredde Brief oan de Korintiërs'' neamd, mar moat net betize wurde mei in oar geskrift dat sa neamd wurdt, it ''[[Tredde Brief oan de Korintiërs]]'', dat in [[apokryf|apokrife]], [[pseudepigraaf|pseudepigrafyske]] tekst is.
 
It ''Strange Brief'' wurdt nei ferwiisd yn ''2 Kor.'' 2:4 : ''"Want út swiere benearing en in benaud herte haw ik, mei gâns triennen, jimme skreaun. Ik woe jimme gjin fertriet dwaan, mar jim dúdlik meitsje hoe bysûnder oft ik fan jimme hâld."'', en yn ''2 Kor.'' 7:8-9 : ''"As ik jimme al fertriet dien haw troch myn brief, dan haw ik dêr gjin spyt fan. Hie ik der al spyt fan hân — want ik sjoch dat dat brief jimme, al wie it mar foar in skoftke, fertriet dien hat — no bin ik dochs bliid. Net om't jimme fertriet hân hawwe, mar om't it fertriet jimme ta bekearing brocht hat. Jimme fertriet wie sa't God dat hawwe wol, en sa hawwe jim yn gjin ding skea fan ús hân."'' Dizze omskriuwing slút ''2 Korintiërs'' út om't er dêryn stiet en dêr dus net nei ferwize kin, en ''1 Korintiërs'' liket der alhiel net op, dat sadwaande binne der oangeande dit ''Strange Brief'' ta teoryen. De meast foar de hân lizzende is dat dat brief ferlern gien is. In alternative teory is dat it eins om ''2 Kor.'' 10-13 giet, en dat dy haadstikken dus oarspronklik in selsstannige tekst west hawwe dy't letter oan ''2 Kor.'' taheakke is.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Severe_Letter ''References'', op dizze side].
}}
 
{{Berjocht:Apokryf}}
[[Kategory:Bibel]]
[[Kategory:Nije Testamint]]
[[Kategory:Kristendom]]
[[Kategory:Kristlike literatuer]]