Evangeelje fan Barnabas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
ynfoboks, boarnen
Rigel 1:
{{Literatuer
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''Evangeelje fan Barnabas''
| oarspr. titel =
| auteur = anonimus
| taal = [[Aldgryksk]]
| foarm = [[non-fiksje]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = ein [[16e ieu]]
}}
It '''''Evangeelje fan Barnabas''''', dat net betize wurde moat mei it ''[[Brief fan Barnabas]]'' of de ''[[Hannelingen fan Barnabas]]'', is in algemien as [[apokryf]] beskôge [[kristendom|kristlike]] [[religy|religieuze]] tekst, besibbe oan it [[Nije Testamint]] fan 'e [[Bibel]]. It is in [[pseudepigraaf]] ûnder de namme fan 'e [[apostel]] [[Barnabas (apostel)|Barnabas]], dy't yn dit geskrift ien fan 'e tolve oarspronklike apostels is, hoewol't er dat neffens de bibelske [[kanon]] net wie. Krekt as de [[kanonike evangeeljes]] beskriuwt it ''Evangeelje fan Barnabas'' it libben en de lear fan [[Jezus|Jezus fan Nazaret]], mar yn ''Barnabas'' binne de ferhalen út 'e ''[[Evangeelje fan Mattéus|Evangeeljes fan Mattéus]]'', ''[[Evangeelje fan Markus|Markus]]'', ''[[Evangeelje fan Lukas|Lukas]]'' en ''[[Evangeelje fan Jehannes|Jehannes]]'' mear mei-inoar yn oerienstimming brocht, en wat dat oangiet, is it in [[evangeeljeharmony]] net wanlyk. In dúdlik ferskil mei de kanonike evangeeljes is lykwols dat ''Barnabas'' dúdlik oanjout dat Jezus in [[profeet]] wie ynstee fan 'e Soan fan God of de [[messias]]. Op dat mêd liket it oer te hingjen yn 'e rjochting fan 'e [[islam|islaam]]. Men wit dat der fan it ''Evangeelje fan Barnabas'' teminsten twa manuskripten bestien hawwe, ien yn it [[Spaansk]] en ien yn it [[Italjaansk]], mar it Spaanske is ferlern gien en oerlibbet inkeld fia in fragmintaryske [[achttjinde ieu|achttjinde-ieuske]] kopy, dat de tekst as gehiel is inkeld oerlevere yn it Italjaansk. Sawol de Spaanske as de Italjaanske ferzje wurde datearre yn 'e lette [[sechstjinde ieu]].
 
===Ynhâld===
It ''Evangeelje fan Barnabas'' is likernôch sa lang as de fjouwer [[kanonike evangeeljes]] mei-inoar, en hoewol't it fan tige lette oarsprong is, achtsje saakkundigen it hoegenamt net útsletten dat it details oernommen hat út eardere wurken, lykas dy fan [[gnostyk|gnostyske]], [[Evangeelje fan de Ebioniten|ebionityske]] of [[Diatessaron|diatessaroanyske]] synjatuer.
 
Line 7 ⟶ 19:
 
Lykwols, oare passaazjes sprekke de Koraan tsjin, lykas it ferhaal oer de berte fan Jezus, wêryn't útholden wurdt dat [[Faam Marije|Marije]] gjin pine fielde wylst se yn 'e weeën lei, of dielen fan Jezus syn ûnderrjocht, lykas wannear't er it drinken fan [[wyn (drank)|wyn]] tastiet of de lju oanfiteret ta in [[monogamy|monogaam]] houlik. Dêrby moat trouwens ek wer opmurken wurde dat de Koraan erkent dat eltse profeet in eigen bestel oan wetten ûnderrjochte, dy't yn guon aspekten ôfwike kinne faninoar en fan 'e lear fan Mohammed.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Gospel_of_Barnabas ''References'' en ''Further reading'', op dizze side].
}}
 
{{Apokryf}}
Line 14 ⟶ 30:
[[Kategory:Nije Testamint]]
[[Kategory:Deuterokanonike of apokrife boeken]]
[[Kategory:Kristendom]]
[[Kategory:Kristlike literatuer]]