Hannelingen fan Pilatus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Rigel 1:
{{Literatuer
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''Hannelingen fan Pilatus''
| oarspr. titel =
| auteur = anonimus
| taal = [[Aldgryksk]]
| foarm = [[non-fiksje]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = [[325]] – [[375]].
}}
De '''''Hannelingen fan Pilatus''''', ek wol it '''''Evangeelje fan Pilatus''''' neamd, is in algemien as [[apokryf]] beskôge [[kristendom|kristlike]] [[religy|religieuze]] tekst, besibbe oan it [[Nije Testamint]] fan 'e [[Bibel]], dy't de namme draacht fan [[Pontius Pilatus]], de [[Romeinske Ryk|Romeinske]] steedhâlder fan [[Judéa]] yn 'e tiid fan 'e [[krusiging]] fan [[Jezus|Jezus fan Nazaret]]. It is lykwols gjin [[pseudepigraaf]], mei't it net beweart dat it troch Pilatus sels skreaun is. Ynstee hâldt it út gearstald te wêzen út offisjele ferslaggen út it [[pretoarium]] te [[Jeruzalim]], dy't troch de klerken dêre yn opdracht fan Pilatus optekene wêze soene foar keizer [[Tibearius]]. Dêryn wurdt sawol melding makke fan 'e krúsdea fan Jezus as fan beskate wûndertekens. It is tige ûnwierskynlik dat it dokumint autentyk is, mei't der gjin inkele histoaryske basis is foar de foarûnderstelling dat Romeinske steedhâlders de dea fan lju dy't it Romeinsk boargerskip net besieten rapportearren oan it sintrale regear yn [[Rome (stêd)|Rome]], lit stean oan 'e keizer sels. It iepentlik kristlik boadskip stelt de tekst noch fierder yn 'e kiif, mei't neat derop wiist dat Pontius Pilatus ea bekeard is ta it kristendom. De measte moderne saakkundigen sjogge de ''Hannelingen fan Pilatus'' sadwaande as in kristlik wurk dat bedoeld wie om ynformaasje oangeande de krusiging en dêrmei ferbûne foarfallen út [[heidendom|heidenske]] boarnen te wjerlizzen.
 
===Datearring en gearstalling===
De tsjerkehistoarikus [[Eusebius fan Sesaréa]], skriuwend yn [[325]], hie gjin weet fan dizze ''Hannelingen fan Pilatus'', al neamd er al de ''Brieven fan Pilatus'', dêr't ek [[Tertullianus]] nei ferwiisd, en in anty-kristlik wurk dat ek de ''Hannelingen fan Pilatus'' neamd waard, mar dat dit dúdlik net is. [[Epifanius fan Salamis|Epifanius]] koe dizze ''Hannelingen fan Pilatus'' yn [[376]] àl, dat de tekst wurdt yn 'e regel yn 'e midden fan 'e [[fjirde ieu]] datearre, al moat dêrby oantekene wurde dat de oerlevere [[Gryksk]]talige manuskripten bewizen fan lettere redigearring fertoane. De ''Hannelingen fan Pilatus'' lykje gearstald te wêzen út ûnderskate parten, dy't ûngelikens yn taaleigen en hânskrift binne. De âldste dielen binne skreaun yn it Gryksk, wylst lettere tafoegings inkeld yn it [[Latyn]] oerlevere binne. De hiele tekst foarmet boppedat teffens in ûnderdiel fan 'e Grykske ''[[Hannelingen fan Petrus en Paulus]]'', en binne ek taheakke oan it Latynske ''[[Evangeelje fan Nikodémus]]'', hoewol't de ûnderskate geskriften eins neat mei-inoar út te stean hawwe.
 
===Ynhâld===
De ''Hannelingen fan Pilatus'' falle útinoar yn trije dielen. Yn it foarste diel (de haadstikken 1-11) wurdt de berjochting en krusiging fan Jezus op [[antysemitisme|antysemityske]] wize beskreaun; dit part fan 'e tekst is dúdlik basearre op ''[[Evangeelje fan Lukas|Lukas]]'' 23. It oarde diel (de haadstikken 12-16) behannelet de weropstanning fan Jezus út 'e dea. Dit part is sabeare basearre op in offisjeel ferslach oan it [[joadendom|joadske]] [[Sanhedrin]], oangeande Kristus syn delgean nei it [[faaiefjoer]], troch [[Leusius en Charinus]], de twa sielen dy't nei de krusiging opstiene út 'e dea. In inkeld yn it Latyn oerlevere taheakke, de ''Descensus ad Infernos'' ("Plondering fan 'e Hel") ferhellet fierders hoe't Kristus nei de [[hel]] gie om dêr de [[duvel]] alle rjochtskepene sielen te ûntnaderjen dy't er dêr ûnrjochtlik finzen hold.
 
Line 17 ⟶ 29:
[[Kategory:Nije Testamint]]
[[Kategory:Deuterokanonike of apokrife boeken]]
[[Kategory:Kristendom]]
[[Kategory:Kristlike literatuer]]