Evangeelje fan de Wierheid: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fw
ynfoboks
Rigel 1:
{{Literatuer
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''Evangeelje fan de Wierheid''
| oarspr. titel =
| auteur = anonimus
| taal = [[Aldgryksk]]
| foarm = [[non-fiksje]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = [[140]] – [[180]] n.Kr.
}}
It '''''Evangeelje fan de Wierheid''''' is in algemien as [[apokryf]] beskôge [[kristendom|kristlike]] [[religy|religieuze]] tekst, besibbe oan it [[Nije Testamint]] fan 'e [[Bibel]]. It is ien fan 'e [[gnostyske evangeeljes]] en waard ferlern waand oant der yn desimber [[1945]] tafalligerwize troch twa boeren by it [[Egypte|Egyptyske]] [[Nag Hammady]] twa [[Koptysk]]e manuskripten fan weromfûn waarden dy't mei in stikmannich oare [[gnostisisme|gnostyske]] geskriften, wêrûnder it folle bekendere ''[[Evangeelje fan Tomas]]'', yn in krûk bedobbe leine. It iene werûntdutsene manuskript fan it ''Evangeelje fan de Wierheid'' is in frijwol folsleine ferzje yn it [[Achmimysk]]e [[dialekt]] fan it Koptysk, wylst it oare in fragmintaryske oerlevering yn it [[Sahidysk]]e dialekt is. It ''Evangeelje fan de Wierheid'', dat oarspronklik yn it [[Gryksk]] skreaun wêze moat en datearret fan 'e perioade fan [[140]] oant [[180]], is wierskynlik it wurk fan 'e dissipels fan 'e gnostyske learmaster [[Falentinus]], of mooglik fan de man sels. It wie bekend by de [[tsjerkfaar]] [[Irenaeus]], dy't it ta [[ketterij]] ferklearre.
 
===Ynhâld===
Oars as de [[kanonike evangeeljes]] jout it ''Evangeelje fan de Wierheid'' net in ferslach fan it libben en de lear fan [[Jezus|Jezus fan Nazaret]], mar is ynstee in frij [[esotery|esotearysk]] geskrift dat beskriuwt hoe't de Flater yn personifiëarre, froulike foarm ta wêzen kaam en Jezus oan in beam fêstspikere. It leit fierders út dat guon passaazjes út 'e kanonike evangeeljes net letterlik nommen wurde moatte; sa soe it iten jaan oan 'e hongerigen op spirituële honger slaan, en it rêst jaan oan 'e wurgen op lju dy't wurch fan it libben binne.
 
===Keppelings om utens===
* {{en}} [http://www.gnosis.org/naghamm/got.html Oersetting fan it ''Evangeelje fan de Wierheid'' yn it Ingelsk]
 
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Line 19 ⟶ 30:
[[Kategory:Nije Testamint]]
[[Kategory:Deuterokanonike of apokrife boeken]]
[[Kategory:Kristendom]]
[[Kategory:Kristlike literatuer]]