Hannelingen fan Andréas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
ynfoboks
Rigel 1:
{{Literatuer
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''Hannelingen fan Andréas''
| oarspr. titel =
| auteur = anonimus
| taal = [[Aldgryksk]]
| foarm = [[non-fiksje]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = [[1e ieu|1e]] of [[2e ieu]]
}}
De '''''Hannelingen fan Andréas''''' is in algemien as [[apokryf]] beskôge [[kristendom|kristlike]] [[religy|religieuze]] tekst, besibbe oan it [[Nije Testamint]] fan 'e [[Bibel]]. It is in [[pseudepigraaf|pseudepigrafysk]] geskrift ûnder de namme fan 'e [[apostel]] [[Andréas (apostel)|Andréas]], dat yn elts gefal datearje moat fan foar de [[trêde ieu]], om't dernei ferwiisd wurdt yn it trêde-ieuske ''Manigeeske Psalmboek''. Hoewol't it ferskate skaaimerken hat fan in mids [[twadde ieu|twadde-ieuske]] oarsprong, wize oare saken, lykas it net neamen fan 'e organisaasje fan 'e tsjerke en it swijen oer [[Jezus]] as histoaryske persoan, op in noch eardere datearring, fan foar't it kristlik [[leauwe]] ta in fêste foarm bestjurre.
 
===Oerlevering===
De ''Hannelingen fan Andréas'' is ûnfolslein oerlevere yn twa manuskripten. It iene is in ier [[Koptysk]] hânskrift, dat in diel fan it ferhaal werjout en dat de bibleteek fan 'e [[Ryksuniversiteit Utert]] op 'e noed hat. It oare foarmet ûnderdiel fan it [[Gryksk]]talige ''Martyrium''. Fierders binne der noch fragminten en sitaten yn oare teksten oerlevere wêrfan't men tinkt dat dy ta de missende dielen heard hawwe. Mei-inoar soe dat de ''Hannelingen fan Andréas'' dan op in lingte fan 65 haadstikken bringe.
 
Line 8 ⟶ 20:
Njonken de beide oerlevere oarspronklike foarmen bestiet der fan 'e ''Hannelingen fan Andréas'' ek noch in drastysk yn lingte werombrochte ferzje dy't omtrint [[593]] skreaun waard troch de [[tsjerkfaar]] [[Gregoarius fan Tours]]. Gregoarius liet frijwol alle apokrife passaazjes wei, en ek oare stikken fan 'e tekst, lykas it ferhaal wêryn't it preekjen fan in [[askeze|asketyske]] libbenswize troch Andréas de frou fan in [[Romeinske Ryk|Romeinske]] [[prokonsul]] derta oanset om by har man wei te gean (soks wie sosjaal en moreel ûnakseptabel foar Gregoarius syn [[Merovingen|Merovingyske]] lêzers). Boppedat foege Gregoarius oar materiaal ta.
 
===Klassifikaasje===
De ''Hannelingen fan Andréas'' waard gauris klassifisearre as in [[gnostyk|gnostysk]] geskrift, oant yn [[1945]] de ûntdekking fan in grut tal wiere gnostyske teksten, by it [[Egypte|Egyptyske]] [[Nag Hammady]], it moderne begryp fan it [[gnostisisme]] fergrutte. Tsjintwurdich wurdt de ''Hannelingen fan Andréas'' mar komselden mear as gnostysk beskôge. De [[histoarikus]] [[Dennis MacDonald]] oppenearre yn syn boek ''Christianizing Homer: The Odyssey, Plato, and the Acts of Andrew'' ("It Kristenjen fan Homearus: De Odyssee, Plato en de Hannelingen fan Andréas") de teory dat de ''Hannelingen fan Andréas'' in kristlike werfertelling fan [[Homearus]] syn ''[[Odyssee]]'' foarmet.
 
===Ynhâld===
De ''Hannelingen fan Andréas'' beskriuwt sabeare de sindingsreizen fan 'e apostel Andréas en de wûndertekens dy't er ferrjochtet, en einiget mei syn [[martelder|marteldea]]. De wûndertekens hawwe in heech boppenatuerlik gehalte en binne tige útwrydsk. Njonken de wenstige wûnders fan it genêzen fan 'e blinen en it wer ta libben wekjen fan 'e deaden, ensfh., oerlibbet Andréas it as er mank ferskuorrende wylde bisten smiten wurdt, bêdet er stoarmen del en ferslacht er hiele legers troch himsels inkeld te [[krúskjen]]. De ''Hannelingen fan Andréas'' befetsje ek in protte moralisearjen; sa feroarsaket er de dea fan in oerwûn [[embryo]] (om it oars te sizzen, hy fiert dus in [[abortus]] út, mar inkeld om't it bern bûtenechtlik is). Fierders rêdt er in jonge fan in [[ynsest]]ueuze relaasje mei syn mem, wêrnei't de mem falske beskuldigings tsjin Andréas ynbringt, sadat er yn it [[tichthûs]] bedarret. Dêrop stjoert [[God]] in [[ierdbeving]] om Andréas en de jonge te befrijen. As er úteinlik oan it krús slein wurdt, sprekt Andréas noch trije dagen lang preken út ear't er stjert.
 
Line 23 ⟶ 35:
[[Kategory:Nije Testamint]]
[[Kategory:Deuterokanonike of apokrife boeken]]
[[Kategory:Kristendom]]
[[Kategory:Kristlike literatuer]]