Ferskil tusken ferzjes fan "Kanons fan de Apostels"

ynfoboks
(Nije side)
 
(ynfoboks)
{{Literatuer
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''Kanons fan de Apostels''
| oarspr. titel =
| auteur = anonimus
| taal = [[Aldgryksk]]
| foarm = [[non-fiksje]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = [[341]] – [[375]] n.Kr.
}}
De '''''Kanons fan de Apostels''''' is in ier [[kristendom|kristlik]] traktaat dat heart ta de [[tsjerkeregel]]s. It is in [[pseudepigraaf|pseudepigrafyske]] tekst dy't sabeare troch de tolve oarspronklike [[apostel]]s skreaun wêze soe, mar dy't yn wurklikheid út [[Syrje]] ôfkomstich is, en mooglik datearret fan 'e midden fan 'e [[fjirde ieu]] (yn elts gefal fan nei [[341]], mei't it swier stipet op it [[Konsylje fan Antiochië]], dat yn dat jier holden waard). De tekst befettet 85 tsjerkewetlike [[kanon]]s, dy't yn [[692]] troch it [[eastersk kristendom|easterske]] [[Konsylje fan Trullo]] befêstige waarden. Yn 'e [[westersk kristendom|westerske tsjerke]] sirkulearren mar fyftich fan dizze kanons, dy't om [[500]] hinne oerset wiene troch [[Dionysius Eksiguus]], en dy't ôfwiisd waarden troch [[paus]] [[paus Konstantinus I|Konstantinus I]] (pont. [[708]]-[[715]]).
 
===Ynhâld===
De ''Kanons fan de Apostels'' hat foar it meastepart te krijen mei it amt en de plichten fan kristlike [[biskop]]pen, de kwalifikaasjes en it hâlden en dragen fan 'e geastlikheid, it leauwenslibben fan 'e kristlike gemeente (mei de klam op seksuële ûnthâlding en [[fêstjen]]), en de [[sakramint]]en ([[doop]], [[jûnsmiel]], [[houlik]]). Teffens giet de tekst yn op [[ekskommunikaasje]], it hâlden fan tsjerklike [[synoade]]n en hoe't men omgean moat mei [[heidendom|heidens]] en [[joadendom|joaden]]. Koartsein is de ''Kanons fan de Apostels'' in handige gearfetting fan 'e wetjouwing fan 'e iere tsjerke.
 
[[Kategory:Nije Testamint]]
[[Kategory:Deuterokanonike of apokrife boeken]]
[[Kategory:Kristendom]]
[[Kategory:Kristlike literatuer]]