Brieven fan Paulus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
boarnen
Rigel 1:
De '''''Brieven fan Paulus''''' of de '''''Paulinyske Brieven''''' (yn ingere sin) beslane 9 fan 'e 21 [[brieven yn it Nije Testamint|brieven]] yn it [[Nije Testamint]] fan 'e [[kristendom|kristlike]] [[Bibel]]. Dat binne brieven dy't skreaun binne troch de [[apostel]] [[Paulus]] oan ier kristlike gemeenten yn [[Rome (stêd)|Rome]], [[Lyts-Aazje]] en [[Grikelân]]. Yn bredere sin hearre ek de 5 ''[[Pastorale Brieven]]'' ta de ''Brieven fan Paulus'', mei't Paulus ek dêrfan de [[auteur]] wie. Under de ''Brieven fan Paulus'' binne guon fan 'e ierste kristlike dokuminten, dy't in seldsum ynsjoch jouwe yn 'e leauwenswrâld fan en de strideraasjes mank de iere kristenen. As ûnderdiel fan 'e [[kanon]] fan it Nije Testamint foarmje se boppedat in wichtich part fan 'e grûnslach fan it kristlik [[leauwe]]. Se besteane út kristlike leare, rie, ûnderrjocht en it oplossen fan in soad foarkommende swierrichheden yn ier kristlike mienskippen.
 
===Opsomming===
De folsleine opsomming (neffens de folchoarder sa't dy oanholden wurdt yn it Nije Testamint fan 'e [[Nije Fryske Bibeloersetting]] fan [[1978]]) is sa:
* de ''Brieven fan Paulus'' (yn ingere sin)
Rigel 22:
Hjirby moat oantekene wurde dat yn [[lutheranisme|lutherske]] bibels it ''Brief oan de Hebreeërs'', yn 'e mande mei twa fan 'e ''[[Algemiene Seinbrieven]]'' en de ''[[Iepenbiering fan Jehannes]]'', yn in taheakke hielendal efteroan yn it Nije Testamint pleatst wurdt, mei't [[Marten Luther]] dy teksten as [[apokryf]] beskôge.
 
===Oare brieven fan Paulus===
Guon brieven fan 'e apostel Paulus wurdt yn oerlevere teksten wol nei ferwiisd (dus we witte dat se bestien hawwe moatte), mar binne sels net bewarre bleaun. Dat binne:
* it ''Eardere Brief oan de Korintiërs'' (foarôfgeande oan ''1 Korintiërs''), dêr't nei ferwiisd wurdt yn ''1 Kor.'' 5:9;
Rigel 32:
* it ''[[Brief oan de Aleksandrinen]]'': in ferlern gien brief fan Paulus oan 'e kristlike gemeente yn it [[Egypte|Egyptyske]] [[Aleksandrië]], dat beskôge wurdt as apokryf en [[pseudepigraaf|pseudepigrafysk]];
* it ''[[Brief fan de Korintiërs oan Paulus]]'': dat in beskie hjit te wêzen fan 'e kristlike gemeente yn [[Korinte]] op Paulus syn brieven oan harren; dit brief soe dus skreaun wêze '''oan''' (en net troch) Paulus, mar it wurdt beskôge as apokryf.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Pauline_epistles ''References'' en ''Bibliographic resources'', op dizze side].
}}
 
[[Kategory:Bibel]]
[[Kategory:Nije Testamint]]
[[Kategory:Brieven yn it Nije Testamint|Paulus, Brieven fan]]
[[Kategory:Kristendom]]
[[Kategory:Kristlike literatuer]]