Tweed (rivier): ferskil tusken ferzjes

L
[[]]
 
L ([[]])
 
[[Ofbyld:Tweed.tributaries.jpg|thumb|left|270px|Streamgebiet fan de Tweed en sydrivieren.]]
[[Ofbyld:River Tweed at Coldstream.jpg|thumb|250px|De Tweed yn Coldstream]]
De '''Tweed''' (''Abhainn Thuaidh'') is in rivier fan 156 km lang dy't foar it grutste part troch it grinsgebiet tusken Ingelân en [[Skotlân]] rint, de [[Borders]]. Hy ûntspringt op [[Tweedsmuir]] by [[Tweed's Well]] tichtby it plak dêr't ek de rivieren [[Clyde (rivier)|Clyde]], dy't nei it noardwesten rint, en de [[Annan]] dy't nei it suden streamt, begjinne. ''"Annan, Tweed and Clyde rise oot the ae hillside"'' sizze se yn de Borders. De hiele Borderregio lost syn wetter op dizze rivier. De lêste 27 km fan de rivier is part fan de grins tusken [[Ingelân]] en Skotlân.
 
De Tweed is ien fan de grutte [[salm]]rivieren fan [[Grut Brittanje]] en is de iennichste rivier yn Ingelân dêr't sûnder fergunning angelfiske wurde mei.