Tor Books: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L red
Rigel 22:
| webside = [http://us.macmillan.com/TorForge.aspx us.macmillan.com/TorForge]
}}
'''Tor Books''' is fierwei de bekendste [[ymprint]] fan 'e [[Feriene Steaten fan Amearika|Amerikaanske]] [[útjouwerij]] [[Tom Doherty Associates|Tom Doherty Associates, LLC]] út [[New York (stêd)|New York]], dy't him benammentlik spesjalisearret yn 'e publikaasje fan [[roman|romans]] en [[novelle|novellen]] yn 'e sjenres [[science fiction]] en [[fantasy (literêr sjenre)|fantasy]]. Oarspronklik wie ''TorTom Books''Doherty Associates in selsstannige útjouwerij, dy't yn [[1980]] oprjochte waard troch [[útjouwer]] en [[redakteur]] [[Tom Doherty]]. Yn [[1987]] waard it bedriuw lykwols oernommen troch [[St. Martin's Press]], in difyzje fan 'e [[Grut-Brittanje|Britske]] útjouwerij [[Macmillan Publishers]], dy't sûnt [[1999]] folslein yn eigendom is fan it [[Dútslân|Dútske]] útjouwersconcern [[Verlagsgruppe Georg von Holtzbrinck GmbH]].
 
Al hiel gau nei de oprjochting ferovere Tor Books in wichtich part fan 'e merk yn syn sjenres. De rol dy't Tor yn 'e science fiction- en fantasy-literatuer spilet, hat erkenning krigen trochdat de útjouwerij sûnt [[1988]] elts jier de priis foar de bêste science fiction-útjouwer fan it gesachhawwende ''[[Locus Magazine]]'' wûn hat.<ref>[www.locusmag.com/SFAwards/Db/LocusWinsByCategory.html#pub ''The Locus Index to SF Awards: Locus Winners by Category''.]</ref>