Dútslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
L red
Rigel 59:
Dútslân is sûnt 1949 in demokratysk-parlemintêre bûnssteat. De grûnwet waard kundich makke op 23 maaie 1949. De grûnwet kin troch in twatredde mearderheid yn 'e bûnsdei en bûnsrie feroare wurde. De lêste feroaring wie yn 2006. Guon artikelen, dêr't de grûnslach fan de grûnwet yn omskreaun is, kinne net feroare wurde. Dútslân hat 16 dielsteaten (Bundesländer) (sûnt 1990, dêrfoar wie it East- en West-Dútslân). De bûnssteat is it machtichst ("Bundesrecht bricht Landesrecht"), mar de dielsteaten hawwe ek aardich wat foech. De federaasje nimt bûtenlânske saken en definsje foar har noed.
 
Dútslân hat algemien stimrjocht (sûnt 1918) fan 18 jier ôf (soms ek fan 16 jier ôf foar de regionale ferkiezings), en hat in twakeamersysteem. De bûnsdei hat op syn minst 598 leden, en wurdt alle fjouwer jierren troch it folk keazen. Yn it kiessysteem fan de Bûnsdei is der in mearderheids en distriktenstelsel. By de ferkiezings is der in kiesdrompel fan fiif persint. De bûnsrie hat 69 leden, dat binne de fertsjintwurdigers en dielsteatregearen (net fan de dielsteatbefolking). Baden-WúrtemberchWuertemberch, Beieren, Nedersaksen en Noardryn-Westfalen hawwe seis stimmen, Hessen hat fiif, Berlyn, Brandenburch, Rynlân-Palts, Saksen, Saksen-Anhalt, Sleeswyk-Holstein en TúringenTueringen hawwe elk fjouwer, Bremen, Hamburch, Meklenburch-Foarpommeren en it Saarlân hawwe trije stimmen. Der moat sa stimd wurde, dat net in lid stimt, mar it bûnslân. Dat wol sizze, dat as Hessen foar 'A' stimt, kar 'A' fiif stimmen hat. Federale wetten dy't mei it foech fan de dielsteaten te krijen hawwe, of saken dy't de dielsteaten dwaan moatte, moatte earst troch de bûnsrie goedkard wurde. De dielsteaten hawwe in eigen grûnwet, regear en parlemint. De dielsteatparleminten wurde yn fjouwer dielsteaten nei fjouwer jier keazen, yn de oare tolve dielsteaten bart dat alle fiif jierren. It haad fan de steat, de Bûnspresidint, is der om de steat te fertsjintwurdigjen en wurdt alle fjouwer jierren troch de Bûnsgearkomste keazen. De Bûnspresidint kin mar ien kear op 'e nij keazen wurde. De bûnskânselier is it haad fan it regear, en dy beskiedet de rjochtlinen fan de polityk. De kânselier wurdt troch de Bûnsdei, nei in útstel fan de presidint, keazen. Hy/hja wurdt, krekt as syn ministers, troch de presidint beneamd.
 
Sûnt 1949 binne de wichtichste nasjonale partijen yn Dútslân de [[Christlich Demokratische Union Deutschlands|CDU]], de [[Sozialdemokratische Partei Deutschlands|SPD]]. De [[Freie Demokratische Partei|FDP]], [[Linkspartei]] en [[Bündnis 90/Die Grünen]] binne trochstrings opposysjepartijen dy't út en troch koalysjes foarme mei de CDU of SPD.
Rigel 89:
De 16 dielsteaten (''Bundesländer'', iental: ''Bundesland'') binne:
 
# [[Baden-WúrtemberchWuertemberch]] (''Baden-Württemberg'')
# [[Beieren]] (''Bayern'')
# [[Berlyn]] (''Berlin'')
Rigel 104:
# [[Saksen-Anhalt]] (''Sachsen-Anhalt'')
# [[Sleeswyk-Holstein]] (''Schleswig-Holstein'')
# [[TuringenTueringen]] (''Thüringen'')
 
== Demografy ==
Rigel 140:
| align=center style="background:#f0f0f0;" | 5 ||align=left | '''[[Frankfurt am Main]]''' || [[Hessen]] || 700.000
|-
| align=center style="background:#f0f0f0;" | 6 ||align=left | '''[[Stuttgart]]''' || [[Baden-WúrtemberchWuertemberch]] || 600.000
|-
| align=center style="background:#f0f0f0;" | 7 ||align=left | '''[[Düsseldorf]]''' || [[Noardryn-Westfalen]] || 590.000
Rigel 196:
| Hessischer Rundfunk || hr || [[Hessen]]
|- valign=top
| Mitteldeutscher Rundfunk || MDR || [[Saksen (dielsteat)|Saksen]], [[Saksen-Anhalt]] en [[TuringenTueringen]]
|- valign=top
| Norddeutscher Rundfunk || NDR || [[Hamboarch]], [[Meklenburch-Foarpommeren]], [[Nedersaksen]] en [[Sleeswyk-Holstein]]
Rigel 206:
| Saarländischer Rundfunk || SR || [[Saarlân]]
|- valign=top
| Südwestrundfunk || SWR || [[Baden-WúrtemberchWuertemberch]] en [[Rynlân-Palts]]
|- valign=top
| Westdeutscher Rundfunk || WDR || [[Noardryn-Westfalen]]
Rigel 239:
=== Iten ===
[[Ofbyld:Weisswurst.jpg|thumbnail|[[Weißwurst]] mei Brezel en swiete moster.]]
Yn Dútslân is der in wiidweidich oanbod oan regionale itensprodukten. Yn Noard-Dútslân wurde de jirpels op ferskillende manieren klearmakke. Yn it suden ite se faak Knödel, Spätzle en Nudeln (soarte fan pasta). Regionale spesjaliteiten binne Weißwurst (Beieren), Frankfurter Kranz (Hessen), Bratwurst (Noard-Beieren en TuringenTueringen), Schwenkbraten (Saarlân), Maultaschen (Baden-WúrtemberchWuertemberch), Schwarzwälder Kirschtorte (Baden-WúrtemberchWuertemberch), Thüringer Rostbratwurst (TuringenTueringen) en Saumagen (Rynlân-Palts).
Wat it drinken oangiet is Dútslân bekend om syn ferskaat oan biersoarten. Yn it Súdwesten binne de wyngerden, it dan ek yn 'e reden dat der neist bier ek faak wyn dronken wurdt. In twadde útsûndering is [[East-Fryslân]], dêr't benammen in soad tee dronken wurdt en dêr't sprake is fan in teekultuer.